Abdena

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
East-Fryslân om 1300 hinne

Abdena is de famyljenamme fan in machtich East-Frysk haadlingelaach. Yn de jierren koart nei 1400 hiene sy mei tastimming fan de Biskop fan Münster, dy 't dêr âlde rjochten útoefene, de stêd Emden en omkriten yn besit krigen. Se ûntwikkelen de stêd ta harren machtssintrum.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldst bekende fertsjintwurdiger is Wiard Droste tho Emetha, dy 't om 1300 hinne yn Emden in boarch bouwe liet. Him waard troch de biskop fan Münster it tafersjoch jûn oer it munt- en dûanewêzen. Syn pakesizzer Hisko Abdena slagge deryn om de ynfloed fan Münster fierder tebek te driuwen en troch him waarden de hannelsbetrekkingen fan Emden mei Münster en Westfalen gâns útwreide. Boppedat sette er útein mei de foar de stêd tige lukrative heffing fan steapelrjocht op alle foarby farrende skippen.

De Abdena's diene gemiene saken mei de Fiktaaljebruorren en mei in oare Eastfryske haadlingefamylje Tom Brok krigen sy spul om de macht oer Eastfryslân. Dy machtsstriid soe lang om let troch harren ferlern wurde.

De lêste haadling fan it laach Abdena yn Emden wie Hisko syn soan Immel, dy't de Abdena's twaris mei de Fiktaaljebruorren ferbûn. Immel waard letter by in strafekspedysje troch de Hânze finzen naam en ferstoar 1455 yn finzenskip yn Hamboarch.