Immel Abdena
Appearance
Immel Abdena (Emden, 1385 – Hamburch, 1455) wie in East-Fryske haadling. Hy wie lykas syn heit proast fan Emden. De famylje Abdena beheart ein 14e, begjin 15e iuw, ta ien fan de machtichste fan East-Fryslân. Harren machtssintrum wie de stêd Emden.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Immel Abdena wie proast fan Emden doe't Fokko Ukena yn 1431 plannen makke om de stêd yn hannen te krijen. Fokko spande gear mei de Hamburgers en troch in listige set waard Immel ûntfierd en finzenset. Hy waard mei in skip nei Hamburch brocht; dêrnei ferskynde in float foar Emden en foel de stêd yn hannen fan de ûntfierders. Immel stoar nei't er 24 jier fêst sitten hie yn Hamburch.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|