Koppen Jarges

Ut Wikipedy

Koppen Jarges, ek Koppen Jarich (ûnbekend - Starum 26 septimber 1420), wie in wichtige Frysk-Grinzer haadling. Hy wie ferskate perioades in boargemaster fan de stêd Grins. Yn de Grutte Fryske Oarloch wie hy foaroanman fan de Skieringer partij.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

19e iuwske gravuere fan de Grinzer folksrebûlje yn 1413; Koppen Jarges pakte de macht. N.b. de hjir ôfbylde Haadwacht by de Martinitoer datearet fan 1509 en bestie noch net yn dy tiid.[1]

Yn 1413 bruts in fûleindige partijstriid út yn East-Fryslân tusken de proast fan Emden, Hisko Abdena en de kriichshear Keno II tom Brok. Yn de rie fan de stêd Grins wie Koppen Jarges hiel bot Skieringsgesind. Hy en syn meistanners woenen de proast fan Emden stypje, wat de Fetkeapers yn de rie ôfkarden. Tusken beide partijen ûntstie spul dy't útrûn ta in opskoar fan it folk dêr't de Fetkeapers beliis jaan moasten. In protte wichtige Fetkeapers om de stêd Grins hinne naaiden út nei East-Fryslân en sleaten harren oan by Keno.

As oanfierder fan de Skieringer milysje brânskatte Koppen dêrnei de Ommelannen, naam tsjerkeskatten yn beslach en plondere in tal stinzen fan Fetkeapers. Dêrnei liet er de sluzen fan Reiderlân ferniele om Keno II tom Brok te kearen, doe't dy mei in float oer de Iems by Farmsum lâne. Op 14 septimber 1415 foel Grins doch noch yn hannen fan Keno en moast Koppen flechtsje.

Koppen flechte nei Westerlauwersk Fryslân dêr't er stipe socht by Skieringer eallju. Yn 1417 kaam er werom nei de Ommelannen mei in leger fan Alliearden. Dat leger moast de Grins fannijs yn hannen fan de Skieringers bringe. Yn de slach by Okswerdersyl soene de Skieringers ferslein wurde troch de súksesfolle kriichshear Fokko Ukena, dy't mei syn leger de macht yn East-Fryslân en Grinslân oernommen hie. Koppen flechte op 'en nij nei Fryslân en soe dêr letter, by Starum, sneuvelje. Syn neisieten giene letter werom nei Grins.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nip 2008:258