Slach by Miedum

Ut Wikipedy
Slach by Miedum
Part fan de Grutte Fryske Oarloch
datum: 19 of 20 augustus 1419
plak: Miedum
útkomst: Oerwinning Skieringers
konfliktpartijen
Alliearden (Fetkeapers) Skieringers
befelhawwers
ûnbekend Sikke Sjaarda,
sterkte
ûnbekend ûnbekend
ferliezen
ûnbekend ûnbekend

De Slach by Miedum is in fjildslach dy't barde yn de Grutte Fryske Oarloch en wie op of de dei nei 19 augustus 1419. Der waard slach levere krekt besuden Frjentsjer by Miedum.

Eftergrûn en de slach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neidat de Skieringers troch de Alliearden ferslein wiene by Dokkum waard oer en wer ûnderhannele om de oarloch te beëinigjen. De plannen foar frede wiene al aardich foardere doe't er noch in wapene konflikt barde tusken de Skieringer haadling Sikke Sjaarda en guon Fetkeapers.

De oanlieding foar it konflikt wie de finzennimming fan in gewelddiedige dief troch Sikke Sjaarda. Fetkeapers út de omkrite fan Frjentsjer woene dat de dief oan har útlevere waard, mar dat waard troch Sikke wegere. Omdat de dief yn Frjentsjer finzen hâlden waard dêr't Sikke it foar it sizzen hie, sammelen de Fetkeapers in leger byelkoar en foelen de stêd op 19 augustus 1419 oan. Sikke Sjaarde hie de oanfal oankommen sjoen en syn eigen leger mobilisearre dêr't ek bûtenlânske hierlingen yn sieten. Hy slagge dêryn om de oanfal op de stêd ôf te slaan en koe de Fetkeapers fuortjeie. Dêrnei waarden de Fetkeapers troch Sikke efternei sitten en op in fjild by Miedum dat de "Spaensche miede" neamd waard ynhelle en foarfêst ferslein.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • E. Engelsma, De Grote Friese Oorlog, Partijstrijd in de Friese landen: 1413-1422, Grins-2010, side 43.

Boarnen: