Sleat (stêd)

Ut Wikipedy
Sleat (stêd)
Sleat
Sleat
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 710 (1 jannewaris 2022)[1]
Oar
Postkoade 8556
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 54' NB, 5° 39' EL
Oerbliuwsel fan de stedswâl
Oerbliuwsel fan de stedswâl
Nôtmûne by de wetterpoarte
Nôtmûne by de wetterpoarte
Offisjele webside
sloten.nl
Kaart
Sleat (Fryslân)
Sleat
Kaart
Sleat
It stedsgebiet fan Sleat yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat
Dizze side giet oer de stêd Sleat. Foar de eardere gemeente, sjoch: Sleat (gemeente).

Sleat (Nederlânsk: Sloten) is in stêd yn de gemeente De Fryske Marren. Sleat leit tichteby de dernei ferneamde Sleattemer Mar, tusken De Lemmer en Balk yn. Mei 710 ynwenners (1 jannewaris 2022) is it de lytste fan de Fryske alve stêden. Fan 1851 oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Sleat in selsstannige gemeente, op de grins fan Gaasterlân, Doanjewerstâl en Lemsterlân. Dêrnei hearde it oant 1 jannewaris 2014 ta de gemeente Gaasterlân-Sleat.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoaryske kaart en stedsgesicht fan Sleat út 1664

Sleat is ûntstien út in sterkte dy't yn de 13e iuw boud waard dêr't it wetter fan Snits nei Teakesyl krúst waard troch de wei fan Gaasterlân nei Doanjewerstâl. De delsetting stie by in stins fan de famylje Van Harinxma thoo Slooten, en wurdt op in oarkunde fan 30 augustus 1426 as stêd neamd. By de stêd hawwe in oantal fjildslaggen west, yn 1420 en 1496. Yn 1523 is it stedsje as lêste Fryske fêstiging yn hannen fallen fan de erfgenamten fan de greven fan Hollân. By it belis fan Sleat yn 1523, dêr't Fryske en Gelderske troepen legere wienen, is de Hollânske ealman Jan fan Wassenaar deadlik ferwûne rekke. De ealman wie de lêste Hollander dy't omkaam yn de striid om de hearskippij oer Fryslân.

Sleat lei oan de wichtige wetterferbining fan Snits nei de Sudersee en sa fierder nei de hânzestêden oan de Isel. Yn Sleat kruse dy wetterwei mei de lândyk fan Dútslân nei Starum. Op dy krusing koe dêr dus tol hefd wurde en strategyske kontroles hâlde. De lânwei rûn oer Doanjewerstâl oer de gaasten (sânrêgen) oer Sleat, dêr't de wetterwei te oerbrêgjen wie, nei Gaasterlân en sa fierder nei Starum, dat yn de midsiuwen al in grutte en wichtige hannelsstêd wie.

Yn 1581 krige Sleat fiif bastions en fjouwer poarten: twa wâlpoarten en twa wetterpoarten oan beide kanten fan It Djip. De poarten binne boud foar de tolheffing.

Ek yn de Tachtichjierrige Kriich foarme Sleat in wichtige kaaiposysje. De Spanjerts hawwe it stedsje noch besocht te feroverjen troch manskippen te ferstopjen yn in bierskip. De list mislearre. Oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich bliezen de Dútsers de brêge oer de Ie op om de fuortgong fan Kanadeeske troepen te fertraagjen.

Yn 1984 kaam der in ein oan 'e gemeentlike selsstannichheid fan Sleat. It gie doe op yn 'e nije gemeente Gaasterlân-Sleat, dêr't ek it eardere Gaasterlân ta kaam te hearren. Mei yngong fan 1 jannewaris 2014 waard Gaasterlân-Sleat gearfoege mei Lemsterlân, Skarsterlân en it doarp Terherne út Boarnsterhim ta de nije gemeente De Fryske Marren.

Tsjintwurdich is Sleat net mear fan strategysk belang. It stedsje lûkt no in soad wettersporters, deitoeristen en misken dy't in oangename wenomjouwing sykje. Oan de súdkant fan it stedsje is yn de jierren 70 in jachthaven oanlein dêr't ek inkelde wettersportbedriuwen sitte. Ek stiet der yn it stedsje in grutte fabryk dy't diel útmakket fan Sleat, in bedriuw dat feefoer makket foar jongfee. En fierders is der yn de omkriten in soad feehâlderij dy't tige wichtich is foar de lokale ekonomy.

De oarspronklike bewâling fan it stedsje is suver hielendal beholden en de oarspronklike struktuer fan Sleat is ek hast hielendal yntakt. De festing wie ûntwurpen troch de bekende festingbouwer Menno van Coehoorn, dy't yn it tichtby lizzende Wikel begrioeven leit. Sleat wie yn festingtermen de ideale stêd, har foarm hat in soad fan in sipel, it stedsje wurdt dan ek wol de "sipelstêd" neamd.

It stedsje is ek ien fan de stimpelplakken fan de Alvestêdetocht.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut de Lemsterpoarte wei
Hearresleat mei Herfoarme tsjerke
Earder stedhûs, no Museum Stedhûs

Sleat hat in feriening foar Pleatslik belang. De Poarte is it sosjaal-kultureel sintrum. De Klinkert is de basisskoalle fan de stêd.

Sportferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Fuotbalferiening Sleat
  • Tennisklup Sleat
  • Gymferiening T.H.O.R. (Tot Heil Onzere Ribbenkast)
  • Iisklup de Eendracht
  • Wettersportferiening Sleatemermar
  • Dartklup Sleat
  • Piksjit-klup
  • Biljertferiening Sleat

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Frouljussjongkoar 'De Sleattemer Kaaien'
  • Muzykferiening Stêd Sleat
  • Sipelsneon, de jiermerk op de lêste sneon fan juny.

Ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Monuminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lytste stêdsje fan de wrâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens Albert Hendriks [2] fan it "toeristenburo Friesland Holland" is Sleat de lytste stêd fan de wrâld en net it Belgyske Durby dat op dit stuit de namme hat de lytste te wêzen. Hy komt ta dizze konkluzje as er it oantal ynwenners, it oerflak en de struktuer fan de stêden mei inoar fergeliket. Yn Nederlân meitsje ek it Gelderske Bronkhorst, it Siuwske Sint Anna ter Muiden en it Gelderske Staverden oanspraak op de titel lytste stêd fan de wrâld.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn de simmer wurdt eltse freed in kanûn ôffjurre troch de skutterij fan Sleat. Eltse simmer hâldt Sleat Sipelsneon.
  • Yn 2010 waard mei akteurs neispile dat it Spaanske leger yn 1588 besocht temûk in bierskip fol soldaten it stedshert yn te kringen. Se wurde ier genôch ûntdekt en nei is striid ferballe.

Iepenbier Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.cbs.nl/nl-nl/maatwerk/2021/31/kerncijfers-wijken-en-buurten-2021
  2. LC, 13 juny 2008, side 14.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sloten, Friesland fan Wikimedia Commons.
 
Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum

 
Plakken yn de gemeente De Fryske Marren
Flagge fan de gemeente De Fryske Marren
Haadplak: De Jouwer    Stêd: Sleat

Doarpen en útbuorrens: AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel

Buorskippen: BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part) • SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich