Murns
|
Murns is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Murns leit súd fan Bakhuzen oan de Iselmar. Oant 1955 foarme Murns mei Bakhuzen ien doarp. It doarp hat likernôch 120 ynwenners (2004).
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e 13e iuw waard de plaknamme Midlinghe neamd. Oare nammen wiene Midlinghe of Middelingh (1325), Middelen (1399), Midlutze (1414), Mirlense (1505), Myrns (1537) en Myrlns (1544). De plaknamme soe nei alle gedachten der op tsjutte dat it in plak yn 'e midden lei en fan it âldfryske Middila stamme.
Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Oant midden 18e iuw stie dêr in tsjerke. Yn de Twadde Wrâldkriich is de eardere klokkestoel fernield troch in delstoartend fleantúch.
Omkriten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Murnser Klif jout in moai útsjoch oer de eardere Sudersee. By moai waar is Inkhuzen te sjen. De earste kilometer foar de kust bestiet út helder ûndjip wetter. Tusken Murns en riis leit de Rysterbosk.
By de Iselmar stiet yn it natoergebiet De Mokkebank in lytse wynmotor.
Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Busline 44: Boalsert - Tsjerkwert - Parregea - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Riis - Aldemardum - Nijemardum - Sondel - Wikel - Sleat - Tsjerkgaast - Spannenburch vv.
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Breelenswei, Murnserdyk, Wieldyk.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|