Harich
|
Harich is in Frysk doarp yn 'e Súdwesthoeke en de gemeente De Fryske Marren. It leit noardwestlik fan Balk.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Harich is fan âlds in boeredoarp dat ûntstie oan de âlde trochgeande wei fan Koudum nei Wâldsein. De wei rint op de râne fan it Gaasterlânske sân wêrtroch der hichteferskil is tusken de noard- en súdkant. De namme komt ek foar as Harg(h), Horch, Haerych en Harig, en is ôflaat fan it Germaanske Harag, dat timpel betsjut en wiisd op in âlde heidensk kultusplak by de Friezen.
Harich wie eartiids it bestjoerlik sintrum fan Gaasterlân. De Wyldemerk besuden it doarp wie eartiids in bekend merkeplak. Yn de fyftiger en sechtiger jierren wie by it doarp in ambonezekamp.
Harich bestie ynearsten út fjouwer dielen: de Westerein, de Frisbuorren, de Tsjerkebuorren en de Lorbuorren. It doarp hie earder in eigen gersdrûgerij.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 2014 hearde Harich ta de gemeente Gaasterlân-Sleat, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan 'e gemeente Gaasterlân.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Doarpshûs Ons Gebouw sit yn de âlde skoalle oan de Stinsenwei en wurddt as doarpshûs dield mei Rûgehûzen. Men wenne earder 'op Harich'.
Sûnt 2005 wurdt it Konkoers Hippyk Riis op it terrein fan 'e Maneezje Gaasterlân holden, dat yn 'e himrik fan Harich leit.
Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969* | 1974 | 2004 | 2012 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 567 | 610 | 953 | 478 | 422 | 210 | 490 | 485 |
(* grinswiziging mei Balk)
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Dobber - muzyk- en sjonggroep
- kuorbalferiening
- Teatergroep Sult
Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Harich.
It protestantske diel fan it doarp foarmet ien gemeente mei Rûgehuzen en wurket nau gear mei Aldegea/Kolderwâlde. De tsjerke is fan 1663, it ûnderste diel fan de toer mei de mitsele spits is âlder en datearret út de 12e iuw. Boppe de doar fan it tsjerke is in gevelstien oanbrocht dy't ferwiist nei it ynstoarten fan 'e tsjerke troch in stoarm yn 1662. Oan beide kanten fan de stien stiet in earn mei in iketûke yn 'e snaffel en it wapen fan Harichster Dr. Johannes Scheltinga.
Katoliken hawwe gjin eigen tsjerke yn it doarp. Hja falle ûnder de Hillige Kristoffelparochy, dy't in tsjerke hat yn it oanbuorjende Balk.
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bokkeleane, Frisbuorren, Harichsterdyk, Hillemastate, Houtdyk, It Heech, Keamerlânswei, Lorbuorren, Lykwei, Minnemastate, Stinsenwei, Trophernsterwei, Tsjerkepaad, Van der Feltzstrjitte, Warrensterwei, Welgelegen, Westerein, Wyldemerkwei.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|