Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Harich

Ut Wikipedy
Marijetsjerke
bouwurk
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Harich
adres Stinsenwei 16
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 12e iuw, 1663
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15924 [1]
offisjele webside
PKN Harich-Rûgehuzen

De tsjerke fan Harich is in monumintaal gebou oan de Stinzenwei yn Harich. De tsjerke wurdt regelmjittich brûkt troch de PKN-gemeente Harich-Rûgehuzen. De tsjerke is in ryksmonumint en yn 2021 oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Tsjerklike gemeente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De PKN-gemeente Harich-Rûgehûzen waard foarme yn 1816, doe't it tsjerkje fan Rûgehûzen ôfbrutsen waard. De gemeente dielt in dûmy en in webstee mei de PKN gemeente Aldegea-Kolderwâlde. It tsjerkje fan Kolderwâlde waard yn 1840 ôfbrutsen. De twa gemeenten binne lykwols fierder selsstannich. Der wurdt om de twa wiken yn ien fan de doarpstsjerken fan Harich en Aldegea tsjerke.[2]

Bekend is dat healwei de 13e iuw der al in parochytsjerke yn Harich stie, dy't wijd wie oan de Jongfaam Marije. By in stoarm waard de tsjerke ferneatige, mar de toer fan dowestien bleau stean. Om it jier 1500 hinne waard dy âlde toer by in ferheging mei bakstien ommitsele. De toer krige doe in westlike tagong en in iepening nei it skip, dy't nei de reformaasje werd tichtmakke waard.

Op 10 maaie 1662 stoartte de tsjerke yn. Yn dy tiid wie Johannes fan Scheltinga grytman fan Gaasterlân en deputearre fan Fryslân. Hy joech de opdracht om de tsjerke wer te bouwen.

Tinkstien foar de werbou fan de tsjerke yn 1663

In jier letter fûn de foltôging fan de weropbou plak en boppe de hjoeddeiske tagong betinkt in gevelstien mei it wapen fan de grytman dy weropbou.

Dit Huis was Eerst gevelt
Door storrem-windt ter neer
Maar nu ist dus herstelt
Tot Godes eer, en leer:
Sijns volks door SCHELTINGA
Den Grietman van dees kust
Hoort, volgt Gods woort nu na
Op dat uw siele rust 1663

De toer waard yn 1682 nochris heger makke. Ut dy tiid datearret de tsjintwurdige mitsele spits. De goatyske galmgatten út 1500 waarden tichtset en ferfongen troch rûnbôgige galmgatten.

Yn de krystnacht fan 1979 waard de tsjerke troffen troch in grutte brân. De muorren fan de tsjerke bleauwen yntakt, mar it ynterieur gyng foar in grut part ferlern. Fan it houten ferwulft bleau neat oer, lykas ek it Steenkuyl-oargel út 1898. De toer bleau lykwols ek dizze kear sparre, mar de skea wie grut en bedroech ien miljoen gûne. Nei de weropbou koe de tsjerke yn juny 1981 wer yn gebrûk nommen wurde.[3]

Ynterieur foar de brân (1959)

Fan de oarspronklike ynrjochting bleaune de preekstoel mei it doophek út 1664 bewarre. By in restauraasje yn 1873 ferhûze de preekstoel fan it tradisjonele plak oan de súdlike muorre nei it eastlike koer. By de lettere restauraasje waard de 19e-iuwske feroaring net werom draaid en sûnt stiet de preeksoel foar it grêfmonumint foar de Fryske deputearre en grytman fan Gaasterlân Ulbo Aylva Rengers (1726-1787) en syn frou en Nicasia van der Haer (1723-1778).[4]

De houten flier yn 'e tsjerke moast nei de brân fan 1979 ferfongen wurde en doe kamen de âlde grêfsarken wer foar it ljocht. In pear 18e- en ier 19e-iuwske sarken krigen in plak yn de flier foar de preekstoel. Yn de tsjerke hingje trije buorden mei de nammen fan alle dûmny's. De earste dûmny wie fan 4 maaie 1597 oant 21 maart 1598 Joannes Cornelii Sijloii. De rest fan de ynrjochting yn de tsjerke datearret fan nei de brân.

De beide toersklokken binne yn 1682 en 1683 jitten troch de klokkejitter Petrus Overney.

Oargel

By de brân wie it âlde oargel fan Steenkuyl ferlern gien. Dat oargel datearre út 1898 en wie foar in part boud fan âldere ûnderdielen. It Ljouwerter bedriuw Bakker & Timmenga boude in nij oargel.[5]

It yn de styl fan it Steenkuyl-ynstrumint boude twamanualige oargel hat fjirtjin registers ferdield oer haadwurk, boppewurk en pedaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed
  2. PKN Harich-Aldegea, oproppen 2 maart 2022
  3. Ljouwerter Krante d.d. 27 desimber 1979: Hervormde kerk te Harich uitgebrand
  4. Nicasia van der Haer hie earder troud west mei David de Wildt, eigener fan Huzinge Riis, troch it houlik fan harren pake- en beppesister kaam dat hûs yn de 19e iuw yn it besit fan Gerard Regnier Gerlacius van Swinderen, grytman en boargemaster fan Gaasterlân.
  5. Ljouwerter Krante d.d. 5 july 1982: Koorzang van allure