Dunegea
Dunegea | |
---|---|
![]() | |
gemeente | De Fryske Marren |
Gritenij | Doanjewerstâl |
Stimmen | 30 |
Ynwenners (2004) | 90 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 54' NB, 5° 44' EL |
Netnûmer | 0513 |
Postkoade | 8516 |
Webstee | {{{webstee}}} |
Dunegea is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súd fan Sint Nyk. It doarp hat likernôch 90 ynwenners (2004). It leit besuden Sint Nyk en west fan de Tsjûkemar, en hat ûngefear 90 ynwenners (2004).Der binne gjin plannen foar huzebou yn it doarp.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 foel Dunegea ûnder de per dy datum ophefte gemeente Doanjewerstâl. Dy gemeente waard ek Dodingawerstal en Doniagawerstal en, yn it Ald-Frysk Dodingwerstal. Yn Dunegea waarden âldtiids iepenbiere rjochtsittings hâlden fan it aadlike famyljenamme Doanja dat hjir ea wenne hat. De famylje stie yn heech oansjen. De namme 'warstal' of 'werstal' betsjut rjochtstoel of rjochtsgebiet. Eartiids foel de gritenij ûnder Lemsterlân, mar skynt dêrfan al ridlik gau ôfskieden te wêzen.
Der is fergunning ferliend om by Dunegea mei in proefboaring de oanwêzichheid fan ierdgas fêst te stellen.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In buorren hat it doarp net mear, in pear iuwen lyn wie dy der noch wol. Dêr is oars neat fan werom te finen as in tsjerkhouwenen in klokkestoel. De klokkestoel stiet op in fûnemint fan swerfstiennen. Der is noch in kafee, wêrfan de kastlein earder ek noch buorke. De kombinaasje kastlein-boer seach men eartiids folle mear.
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Headammen - Op in âlde kaart fan 1789 wurdt 'Hooydamme' neamd. In daam yn in wetter om heaweinen oerhinne ride te litten nei de healannen.
- Wielwei - wei by it wiel, in útrinner fan de Tsjûkemar.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|