Sint-Nyk
| ||||||||||||||||||||||
Sint-Nyk is in Frysk doarp yn 'e gemeente De Fryske Marren. It leit moai tusken de marren en bosken fan it suden fan 'e provinsje yn, en de himrik omfiemet in diel fan 'e noardkust fan 'e Tsjûkemar, ynklusyf rekreaasjegebiet De Ulesprong. Foarôfgeande oan 'e gemeentlike weryndieling fan 2014 lei Sint-Nyk yn 'e gemeente Skarsterlân, en foar de weryndieling fan 1984 lei it yn Doanjewerstâl, dêr't it it grutste plak (mar net it haadplak) fan wie. Yn 2015 hie Sint-Nyk 3.360 ynwenners.
Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fia de N927 is Sint-Nyk goed berikber mei de auto, en hat it doarp nei it easten in ferbining mei de A6. Oer it wetter hat it doarp fia de Sint-Nykster Feart ferbining mei de Tsjûkemar. Yn it ferline lei Sint-Nyk oan in spoarline fan It Hearrenfean oer De Jouwer nei De Lemmer.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De âldste fermelding fan it doarp is út 1399 ûnder de namme Sinte Nyclaesga. By de herfoarming gie yn 1580 de pastoar fan Sint-Nyk, Nicolaus Hollandinus, yn ballingkip en gie de tsjerke, it tsjerkhôf en de besittings fan de pastorij yn oare hannen oer. De katoliken hawwe lange tiid harren godstsjinstoefeningen holden yn in skûltsjerke op de Heide. Pas yn 1835 waard in nije tsjerke yn it doarp boud, in wetterskipstsjerke, dy't tsjinst dien hat oant 1885. Doe waard begûn oan de bou fan de hjoeddeiske tsjerke, Sint-Nikolaastsjerke, in foar dizze streken tige bysûnder roomsk-katolyk tsjerkegebou. It is it beahûs fan de parochy, wêrfan Nicolaas van Myra de beskermhillige is. By it tsjerke stiet ek in lourdesgrot.
Van Eijsinga[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn Sint-Nyk hâlde in soad nammen ferbân mei de famylje Van Eijsinga. Sa wie Allard fan Boerum (1678-1728) de grytman fan Doanjewerstâl. Syn frou wie in Van Eysinga. Hy hat yn Langwar Osinga State bouwe litten. Harren dochter troude letter mei Johan Vegelin fan Claerbergen. Hy hat yn Sint-Nyk de bosken oanlein en it gebiet op eigen kosten ynpoldere en ûntgûn. Doe’t Vegilin yn 1772 stoar, liet hy in hiele protte grûn - wêrûnder de nei him neamde bosken – nei oan syn iennichste pakesizzer, jonkhear Frâns fan Eysinga. Sa komme de Vegilinstrjitte en de F.J.J. van Eysingastrjitte harren namme. De Kempenaerlaan is neamd nei grytman Van Andringa de Kempenaer, dy’t fan 1840 oan’t 1847 de lieding hie oer Doanjewerstâl. Hy wie de pake fan M.C.E.W. van Eysinga-barones van Harinxma thoe Slooten har beppe. Hja wie in Rengers. Fan dy namme is de Rengersstrjitte wer ôflieden. De skoanmem fan grytman Van Andringa de Kempenaer hjitte fan Schwarzenberg. Dêrmei is ek dy strjitnamme yn Sint-Nyk ferklearre. Van Andringa de Kempenaer waard letter opfolge troch grytman Rengers. Hy hat it hús fan Cees van Eysinga yn 1870 bouwe litten. Boargemaster Van Heemstra fan Doanjewerstâl liet yn 1909 Doniastate bouwe en kocht dêrfoar grûn fan de Van Eysinga’s. De Van Heemstrastrjitte is nei him neamd. Ek de lettere boargemaster baron Van Hardenbroeck kocht grûn fan de Van Eijsinga's foar de bou fan in hús. De basis fan Wilhelmina Oard waard yn 1886 lein. Jonkhear Frans Johan Julius van Eysinga kocht doe in stik lân mei bosken yn Sint-Nyk. Nei syn dea yn 1902 liet de jonkhear de besittingen oer oan syn fjouwer dochters. De fjouwer freules lieten inkele jierren letter it rêsthûs Wilhelmina Oard foar froulju en famkes delsette, neamd nei harren mem: Frouwe Tjallinga Aurelia Wilhelmina Camstra van Welderen baronnesse Rengers. De susters skonken yn 1925 it gebou oan it Sint Anthony Gasthûs yn Ljouwert, dy ynstelling joech it om 1960 hinne oer oan de provinsje. It is no in beskerme wenfoarm foar minsken mei geastlike problemen. Hotel-restaurant De Oorsprong wie eartiids de stoeterij fan de famylje. De yn 1885 stifte stoeterij wie bedoeld om it Frysk hynder as ras yn stân te hâlden en te ferbetterjen. Letter waard it in foarmingssintrum en dêrnei in konferinsjesintrum.
Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- line 41 Connexxion: It Hearrenfean - De Jouwer - Skarsterbrêge - Sint-Nyk - Spannenburch vv.
- Skilbus 243: De Jouwer - Skarsterbrêge - Sint-Nyk - Boarnsweach - Langwar vv.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stifting Sint-Nyk yn 'e kyk is de feriening foar doarpsbelang. It sealensintrum is in moetingsplak foar festiviteiten. Jeugdspoar sit yn Jeugdsoas de Wiksel. De Sakeman is it doarpsblêd. Elts jier yn july wurdt yn 'e himrik fan Sint-Nyk, yn rekreaasjegebiet De Ulesprong, oan 'e kust fan 'e Tsjûkemar, it muzykfestival Beachrockers Festival holden.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Keatsferiening De Oarsprong
- WAC - folleybal froulju
- Fuotbalferiening Renado
- Toanielselskip Sint-Nyk
- Nocht en Wille - âldereinkoar
- Nikolaaskoar en Meiïnoar - koaren
- De Greensetters - tennis
- Under de Toer - jongereinkoar
- De Headammers - shantykoar
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Histoarysk hawwe ynwenners fan Sint-Nyk en De Jouwer it net goed op elkoar stean. Hjoed-de-dei bestiet der noch altyd in anty-De Jouwer stimming yn it doarp. Sa wurde der grappen makke oer Jousters. Oarsom jildt soks wat minder.
- Krista van Velzen (15 septimber 1974), Nederlânsk politika (SP) is berne yn Sint-Nyk
- Sint-Nyk is foaral ferneamd om de Allegoaryske Optocht dy't plakfynt op de earste tongersdei fan septimber.
- Flakby Sint-Nyk leit in bosk mei de namme Wilhelmina-oard.
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alle strjitten yn Sint-Nyk.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|