Springe nei ynhâld

Oerlis:Sint-Nyk

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Van Eijsinga

[boarne bewurkje]

Ik soe jimme útstelle wolle om it grutste diel oer it haadstik Van Eijsinga te ferwiderjen. Dit giet oer Sint-Nyk en net oer de Van Eijsinga's of it grtymannebestjoer fan Doanjawerstâl. Der wurdt wol faak ferwiisd nei strjitnammen en soks hat fansels wol mei it doarp te meitsjen, mar dat wurdt ek op it artikel oer de strjitnammen útlein. Neffens my soe it folstean kinne mei de opmerking dat de famylje Van Eijsinga in grutte ynfloed op de ûntwikkeling fan it doarp hie en it neamen fan 'e foarbylden dêrfan yn it stik. Fierders noch in ferwizing nei it selsstannige lemma fan 'e famylje. De rest oer de famyljebannen ensafuorthinne kin om my dan wol fuort. Graach ek eefkes jimme miening. RomkeHoekstra (oerlis) 23 jan 2024, 11.44 (CET)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra: Mei iens dat it stik oer de Van Eysinga's hjir wol by wei kin. Mar ik stel foar dat jo it dan fan dizze side ferpleatse nei út artikel oer Van Eysinga, dêr't jo it wat my oangiet sûnder der fierder wurk fan te meitsjen taheakje kinne oan 'e paragraaf Skiednis mei it subkopke "Van Eysinga's yn Sint-Nyk" derboppe. Dan giet de ynformaasje net ferlern en stiet it op in better plak. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 jan 2024, 14.36 (CET) --Kneppelfreed (oerlis) 23 jan 2024, 16.49 (CET)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra Ik bin it mei @Ieneach fan 'e Esk iens dat in subkopke Van Eysinga's yn Sint-Nyk, yn it artikel oer de Van Eysingsa's in kreaze oplossing wêze sil. FreyaSport (oerlis) 23 jan 2024, 16.19 (CET)[beäntwurdzje]
Danke foar jim reaksjes. Ha de tekst yn it gehiel ferhûze nei it artikel Van Eysinga en in wat koartere tekst dêr foar yn 't plak skreaun.--RomkeHoekstra (oerlis) 23 jan 2024, 20.50 (CET)[beäntwurdzje]