Springe nei ynhâld

Meidogger oerlis:FreyaSport

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy


Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 54.409 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


Bêst genôch. Wolkom werom --Kneppelfreed (oerlis) 27 aug 2021, 20.56 (CEST), Drewes (oerlis) 27 aug 2021, 17.20 (CEST)[beäntwurdzje]

Tige tank Kneppelfreed, it is hjoed wol aardich gongen, moat der alwer wat ynkomme der is fan alles feroare mar dat leart fansels. gr --FreyaSport (oerlis) 27 aug 2021, 18.22 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik slút my fansels ek graach by boppesteande oan. Tige wolkom. Ik bin sels net sa'n sportman, mar ik haw de ôfrûne jierren de Olympyske en Paralympyske Spullen wat byholden. Dat die ik lykwols mear út plichtsgefoel, omdat ik fûn dat de Wikipedy net sûnder dy siden koe, as dat ik der no echt aardichheid oan hie. Dat ik moat sizze, dat jo mei de Paralympyske Spullen begûn binne, wie foar my in oangename ferrassing doe't ik hjir fan 'e jûn del kaam. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 aug 2021, 23.08 (CEST)[beäntwurdzje]

Ynfoboksen

[boarne bewurkje]

Goeie, FreyaSport. It stiet jo hielendal frij om nije ynfoboksen oan te meitsjen as jo dat nedich fine, mar soene jo, as jo dat dogge, de nije boksen wol even op it juste plak yn 'e list op 'e side Wikipedy:Ynfoboks sette wolle? Dan kinne oare meidoggers de boksen weromfine en eventueel ek brûke. By foarbaat tank. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 31 aug 2021, 12.07 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeiemoarn, Sorry myn flater ik hie se ynearsten net yn in kategory setten om't se salang ik der mei dwaande net te makklik te finen wiene. ik sil se no yn de list sette. --FreyaSport (oerlis) 31 aug 2021, 12.22 (CEST)[beäntwurdzje]
No, dat is gjin flater, dy list hawwe wy in jier as wat lyn opsteld om't we it oersicht ferlearen op watfoar ynfoboksen der no eins allegearre wiene. Dat is bard yn 'e perioade dat jo ôfwêzich wiene, dus jo koene net witte dat der sa'n list bestiet. Dêrom wiis ik jo der even op. Fierders neat oan 'e hân. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 31 aug 2021, 12.29 (CEST)[beäntwurdzje]

2 dingen

[boarne bewurkje]

Goeie. Dêr bin ik wer te seuren. Ik haw oan jo spul sitten te prutsen, dat ik sil even útlizze wêrom. Twa dingen:

  1. Ik snapte niis net wêrom't jo tochten dat "Britsk" in etnisiteit wie, mar no begryp ik dat jo dat brûke woene foar nasjonaliteit. Etnisiteit en nasjonaliteit is lykwols net itselde. Ik wit net hoe't jo josels sjogge, mar ik bin in etnyske Fries, dy't (tafallich) de Nederlânske nasjonaliteit hat (hie ek de Dútske wêze kinnen as ik yn East-Fryslân of Noard-Fryslân berne wurden wie). Sa is it ek mei Skotten en Ingelsen ensfh.; dy hawwe wol de Britske nasjonaliteit, mar net de Britske etnisiteit, want dy bestiet net. Yn Nederlân leit dat wat oars om't der fansels wol deeglik ek in Nederlânske etnisiteit bestiet (Lju dy't we by ús thús almeast "Hollanners" neame). Ik hoopje dat ik it sa goed útlein haw. (Dat is altyd in bytsje ûnwis as je net mei-inoar prate kinne.)
Tank foar jo útlis :-) Ik sil der om tinke by de ynfoboksen.--FreyaSport (oerlis) 31 aug 2021, 15.13 (CEST)[beäntwurdzje]
  1. Jo ynfoboksen foar koereur en Formule 1-koereur sorgen derfoar dat de artikels dêr't dy foar brûkt wurde, begjinne mei in wytregel, wylst de eigentlike tekst pas begjint op 'e twadde regel fan boppen. Ik haw der in hiel skoft mei ompield om út te finen hoe't dat kaam. Doe't ik de kategorytekst <noinclude>[[Kategory:Ynfoboks Autosport|Formule 1, Koereur]]</noinclude> derút smiet, wie it ynienen goed. Doe haw ik noch even eksperimintearre om te sjen oft ik dat der op in oare manier yn hâlde koe sûnder dat de wytregel boppe-oan ferskynde, mar ik krij dat net foarinoar. Myn oplossing is om dy kategory-yndieling derút te smiten. Dy is ek net echt needsaaklik om't we alle ynfoboksen no fêstlizze yn 'e list op Wikipedy:Ynfoboks, dat we kinne se altyd weromfine. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 31 aug 2021, 15.01 (CEST)[beäntwurdzje]
As de de kategory problemen opsmyt dan moat de kategory der mar út.--FreyaSport (oerlis) 31 aug 2021, 15.13 (CEST)[beäntwurdzje]

Takomstsport

[boarne bewurkje]

Goeie FreyaSport. Alle artikels mei it berjocht 'takomstsport' hawwe no kopkes dy't yn'e midden fan de rigel steane. Dat strykt net mei de opmaak fan alle oare artikels hjirre. Ik haw der sels gjin bal ferstân fan, dat soene jo it each der ris oer gean litte wolle? Drewes (oerlis) 26 jan 2022, 17.52 (CET)[beäntwurdzje]

Dat kloppet dat is kaam nei't @Ieneach fan 'e Esk juster in rantsje om it Berjocht:Takomstsport makke hat. Ik ha hjir oer fannemoarn al in berjochtsje skreaun oan ieneach. FreyaSport (oerlis) 26 jan 2022, 18.11 (CET)[beäntwurdzje]
@Drewes: It probleem is oplost. Ik hie yn it berjocht wol in <center> tafoege, mar wie de </center> fergetten. Oeps. Sorry. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 26 jan 2022, 18.14 (CET)[beäntwurdzje]

List mei flaggeberjochten

[boarne bewurkje]

Goeie. Ik haw jo "List fan berjochten Flagge mei Nasjonaliteit-oantsjutting" omneamd ta Wikipedy:List fan berjochten Flagge mei Nasjonaliteit-oantsjutting. (En doe haw ik de oarspronklike side fuortsmiten.) Ik haw der hielendal neat op tsjin dat jo sa'n list oanmeitsje, krektoarsom, mar ik fyn dat we de ensyklopedyske artikels en de soksoarte helplisten foar it skriuwen fan ensyklopedyske artikels wat útinoar hâlde moatte. Fandêr. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 jan 2022, 02.50 (CET)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk Tige tank foar it ferbetterjen fan de namme fan dizze list. :-) FreyaSport (oerlis) 30 jan 2022, 10.00 (CET)[beäntwurdzje]

Goeie FreyaSport. Jo hawwe niiskrekt de kategory Frysk fanfare-orkest oanmakke, mar wy hawwe de Kategory:Fryske fanfare al. Dat. Drewes (oerlis) 11 mrt 2022, 16.28 (CET)[beäntwurdzje]

hoi, @Drewes:, Oeps dat wie it doel net, ik hie noch socht as der al sa'n kategory wie mar die ha ik net fûn. Blikber ha ik net goed socht. jo meie dit fan my oanpasse. FreyaSport (oerlis) 11 mrt 2022, 16.53 (CET)[beäntwurdzje]

Pop(-)artyst

[boarne bewurkje]

Goeie. Ik bin jo even in ferklearring skuldich om't ik jo kategoryen "Pop-artyst" feroare haw yn "Popartyst". Jo hawwe dy kategoryen sûnder mis mei de bêste bedoelings sa stavere nei analogy fan "Rock-artyst", etc. Dat is myn eigen skuld, want "Rock-artyst" en sa haw ik sels op dy manier oanmakke. Dat is jierren lyn, en ik fûn it doe mar nuver om Ingelske wurden as 'rock' en 'jazz' en 'reggae' oan Fryske wurden lykas 'artyst' en 'muzyk' fêst te skriuwen, dat ik haw der doe hieltyd in keppelstreekje tuskenyn set. Dêr haw ik no spyt fan, dat hie efternei net moatten, mar ja, om dat wer rjocht te breidzjen sit dan wer in bealchfol wurk yn, dat ik haw it mar sa stean litten. No't jo mei popartyst begûn binne, moatte we lykwols net op dy manier fierder, dat dêrom haw ik by dy kategoryen yn elts gefal alfêst it keppelstreekje der mar úthelle. Eins moat dat by de oare kategoryen ek nochris, mar, no ja, wannear't dat er fan komt, kin ik jo net fertelle. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 31 mai 2022, 00.40 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie. Ik haw de put derút. Even foar jo ynfo: alle keppelstreekjes binne derút, behalven as se deryn moatte om't der oars twa fokalen tsjininoaroan steane, lykas by "ska-artyst" en "country-artyst". Dus bgl. de kategoryen metalartyst, rockartyst en hardrockartyst, dy't jo in soad brûke, hawwe no gjin streekje mear. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 aug 2022, 00.46 (CEST)[beäntwurdzje]
Goeiemoarn @Ieneach fan 'e Esk Tige tank, dat is moai. Ik sil der om tinke dat der gjin streekje mear stiet. FreyaSport (oerlis) 6 aug 2022, 11.16 (CEST)[beäntwurdzje]

Listen by ferdivedaasjeparken en dieretunen

[boarne bewurkje]

Goeie. Ik woe it even hawwe oer dy listen dy't jo by de artikels dieretún en ferdivedaasjepark tafoege hawwe. Alderearst wol ik sizze dat ik hielendal neat tsjin sa'n list haw, krektoarsom, moai wurk. Mar fral by ferdivedaasjepark fyn ik dat it lytse artikeltsje topswier wurdt fan dizze mânske list. Ek fyn ik dat de sitewaasje yn Nederlân net direkt wat te krijen hat mei it ûnderwerp 'ferdivedaasjepark' yn it algemien. Ik woe dêrom graach jo list fersette nei in aparte side "List fan ferdivedaasjeparken yn Nederlân", fansels mei in link dêrhinne fanôf de side "ferdivedaasjepark". Wat de sitewaasje by dieretún oangiet, dêr foel de list minder op om't it artikel dêr al langer wie en de list sels in stik koarter. Nettsjinsteande dat fyn ik ek dat dêr it fenomeen 'dieretún' yn ít algemien beskreaun wurdt, en dat de spesifike sitewaasje yn Nederlân dêr net méár mei te krijen hat as de sitewaasje yn 'e Feriene Steaten of Dútslân of Japan. Ek dêr soe ik sadwaande de list leaver nei in aparte side skowe. Ik woe dat lykwols net dwaan sûnder oerlis. Kinne jo jo hjir wol (wat) yn fine of hawwe jo der ûnoerkomlike beswieren tsjin? Gr. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 aug 2022, 00.17 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeiemoarn, @Ieneach fan 'e Esk dat is eins net sa'n ferkeard idee om die listen in eigen artikel te jaan. Ik sil der mei oan de slach. FreyaSport (oerlis) 1 aug 2022, 10.51 (CEST)[beäntwurdzje]

Eelco/Eelko Schaafsma

[boarne bewurkje]

Ik waardeer je bedankje aan mij voor het plaatsen van een foto bij het artikel over Eelco Schaafsma. Ik spreek geen Fries (kan een tekst in het Fries meestal redelijk begrijpen) en reageer daarom maar in het Nederlands en hoop dat dat geen bezwaar is. Het artikel over Schaafsma heeft als titel Eelco Schaafsma maar in de tekst gaat het over Eelko Schaafsma (dus voornaam met een 'k'). Zo'n mengeling lijkt me ongewenst. Als beide kan, zou je verwachten dat dat ook nadrukkelijk in de tekst wordt aangegeven. Hopelijk kun je daar nog even naar kijken. - Robotje (oerlis) 31 aug 2022, 16.19 (CEST)[beäntwurdzje]

Goedemiddag @Robotje,
Bedankt voor je seintje, Ik heb vanmiddag enkel een Infobox toegevoegd aan het artikel over Eelco Schaafsma en hierbij was mij de verfriesing van zijn voornaam niet opgevallen. Ik ga even een overleg starten op de overleg pagina van deze man om de juiste naam te achterhalen.
FreyaSport (oerlis) 31 aug 2022, 16.43 (CEST)[beäntwurdzje]

Wiskjen siden

[boarne bewurkje]

Dei. Ik sjoch dat jo wol gauris siden nominearje om te wiskjen. Ik moat sizze dat ik al wat muoite haw dat der siden omraak wiske wurde. Dy siden binne yndie tige koart, mar de lemma's yn guon oare talen, lykas nl en de en sels en hawwe ek net folle mear te sizzen. Ik soe sizze lit se foarearst stean en mocht der mear ynformaasje komme, kinne se oanfolle wurde, want in ensyklopedy is winliken nea "ôf". Want as we dizze redenaasje brûke kin in hiel soad siden wol fuort. Fierders leverje jo poerbêst wurk op dizze wiki. Kneppelfreed (oerlis) 30 sep 2022, 06.09 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik goai ek gjin siden op de wisklist mei ienige wearde, it giet om Japanske fuotballers sûnder ynterlân doelpunten en in bûtenlânske kariêrre. Die oaren dy't bygelyks in ynterland (útsoendering foar keepers, in keeper makket meastal gjin doelpunten) doelpunt makke hawwe al is it der mar ien as yn it bûtenlân spile hawwe set ik net op de wisklist. Dat ik bin dan ek tige hoeden mei hokker fuotballers ik op de wisklist set, mar it binne der in hiele protte. En dan bliuwe der ek noch in hiele protte Japanske fuotballers oer dêr't ferbettering nedich is. FreyaSport (oerlis) 30 sep 2022, 09.53 (CEST)[beäntwurdzje]
Dat hoecht noch net te betsjutten dat der oer dy fuotballers gjin siden makke hoege te wurden. Sjoch dizze op en en nl, want dy litte se ek stean. Yndie moatte der noch in soad siden oer Japanske fuotballers opholpen wurde, lykas in soad oare siden dêr't wy, en yn it bysûnders jo, al drok mei dwaande binne. Kneppelfreed (oerlis) 4 okt 2022, 06.15 (CEST)[beäntwurdzje]

Andries Noppert

[boarne bewurkje]

Dank u voor de melding, ik zal de afbeelding op Commons weer verwijderen. Ellywa (oerlis) 3 des 2022, 22.06 (CET)[beäntwurdzje]

@Ellywa Heel erg bedankt voor het verwijderen. Nu maar hopen dat er snel wel een echte foto opduikt van Andries Noppert. FreyaSport (oerlis) 4 des 2022, 13.31 (CET)[beäntwurdzje]

Gers sûnder kapke

[boarne bewurkje]

Goeie. Even in dinkje oer de stavering: "gers", "bern" en "ferzen" binne de trije wurden yn it Frysk dy't wol in lange è-klank hawwe, dus de ê fan "bêd", mar wêrby't de e gjin kapke kriget. Hat leau 'k staveringstechnysk te krijen mei de stomme r dy't yn dy wurden op 'e e folget. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 des 2022, 23.50 (CET)[beäntwurdzje]

Han Peekel

[boarne bewurkje]

Sorry dat ik yn 'e boel omrameid haw. Ik wie yn myn oersjen fan Koartlyn Feroare noch by de foarfallen fan fan 'e moarn en hie noch net sjoen wat jo folle letter op 'e dei mei Drewes bepraat hiene. As ik dat witten hie, wie ik der foarearst fan ôfbleaun. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 des 2022, 21.43 (CET)[beäntwurdzje]

Valeri Moeratov

[boarne bewurkje]

Goeie, eefkes oer jo artikel oer Valery Mûratov. Валерий Муратов moat eins Valeri Moeratov wêze. De russyske 'и' wurdt in i en dy û moat in oe wêze (de 'y' yn Муратов stiet foar de russyske 'r' en dan wurdt de 'y' transliterearre yn oe (sjoch ek de transliteraasjelist op de side Russysk). Gr.--RomkeHoekstra (oerlis) 20 jan 2023, 21.39 (CET)[beäntwurdzje]

Goeie jûn, @RomkeHoekstra, wat ik fannewike ek al tsjin @Drewes sei op de Oelisside fan Natalja Petrûsjova die staveringen fan de east-europeske nammen is in ferskrikking. Drewes hat my it advys jûn om mei in oersetter de nammen earst oer te setten nei it Nederlânsk, mar hy hat my net wezen op de transliteraasjelist. Miskien dat er dat ek net wist? Mar dan moat der mar wer Moeratov fan makke wurde.
FreyaSport (oerlis) 20 jan 2023, 21.45 (CET)[beäntwurdzje]
Sorry @FreyaSport:. Yndie in 'oe' foar in 'r' bliuwt in 'oe'. Drewes (oerlis) 20 jan 2023, 22.16 (CET)[beäntwurdzje]
Goeie, @FreyaSport, dy transliteraasjelist is in goed middel. Wat de û/oe oanbelanget, alle Sirillyske у wurdt stavere as û, mei ûtsûndering as der in "r" efteroan stiet, want dat is dûbel lûd. Ik hoopje dat ik it in bystje dúdliker makke haw. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 20 jan 2023, 22.18 (CET)[beäntwurdzje]
@Drewes@Kneppelfreed@RomkeHoekstra Ha Moeratov yntusken oanpast, mar ik sil tink ik by mear Russyske reedriders en Wytrussyske reedriders de namme ferkeard stavere ha. FreyaSport (oerlis) 20 jan 2023, 22.22 (CET)[beäntwurdzje]
Wêr is delskreaun hoe at der werstavere wurde moat, of wêr in werstaverlist stiet? Aliter (oerlis) 21 jan 2023, 18.52 (CET)[beäntwurdzje]

Freyas blok

[boarne bewurkje]
Freyas blok
Dit is it persoanlike kladblok fan FreyaSport.
Dit kladblok is in efter-side fan de meidogger-side fan FreyaSport. It tsjinnet as testromte en om opsetsjes te meitsjen foar siden. It is net in side yn de Wikipedy haadromte.
It is net de bedoeling dat immen feroarings docht yn it kladblok fan in oar!

Noch eat wat oars moatten hie? Aliter (oerlis) 2 feb 2023, 19.44 (CET)[beäntwurdzje]

@Aliter Ik fyn him tige kreas, efter-side klinkt al better as sub-side wat no boppe oan myn kladblok stiet. Hy mei al in bytsje lytser, mar hy mei om my al krekt wat grutter bliuwe dan wat de no op myn kladblok stiet. FreyaSport (oerlis) 2 feb 2023, 19.50 (CET)[beäntwurdzje]
Freyas oare blok
Dit is it persoanlike kladblok fan FreyaSport.
Dit kladblok is in efter-side fan de meidogger-side fan FreyaSport. It tsjinnet as testromte en om opsetsjes te meitsjen foar siden. It is net in side yn de Wikipedy haadromte.
It is net de bedoeling dat immen feroarings docht yn it kladblok fan in oar!
0,75. Jo begripe it idee. Ik sil de beskriuwing noch efkes oanpasse. Aliter (oerlis) 2 feb 2023, 20.31 (CET)[beäntwurdzje]
@Aliter Sa sjocht er der hielendal kreas út.FreyaSport (oerlis) 2 feb 2023, 20.34 (CET)[beäntwurdzje]

Goeie FSport. Jo hawwe it berjocht:bûsboekje oanmakke. In bûsboekje is 'in oantekenboekje fan sa'n lyts formaat dat it yn 'e bûse past', in bûsaginda. Yn oare gefallen is it 'aginda'. Sjoch Frysker. Feroarje, wat fine jo? Drewes (oerlis) 5 jan 2024, 17.12 (CET)[beäntwurdzje]

Goeiemiddei @Drewes De kalinder foar de OS hjit yn de berjochten al jierren bûsboekje, dat ik lit it moai bûsboekje. oars moatte alle berjochten foar de Olympyske Spullen oanpast wurde. FreyaSport (oerlis) 5 jan 2024, 17.15 (CET)[beäntwurdzje]
Aginda is better, mar ik begryp jo. Drewes (oerlis) 5 jan 2024, 17.18 (CET)[beäntwurdzje]

Lokwinske

[boarne bewurkje]

Goeie, FreyaSport. Lokwinske mei it foltôgjen fan jo searje oer de Omgong fan Itaalje! Dat wie in hiele put. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 27 feb 2024, 23.41 (CET)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk Dat wie yndied in hiele put, dreger as de Omgong fan Frankryk. Mar bin der spitigernôch de kommende dagen noch al mei dwaande. Kaam der efter dat der flink wat flaters sitte yn de ferwizingen nei de stêden. FreyaSport (oerlis) 28 feb 2024, 10.11 (CET)[beäntwurdzje]
Dat is spitich. Mar ja, dat ha je soms. Sokssawat haw ik ek wolris hân. Jo moatte mar sa tinke: oer in pear jier binne jo sokke ferfelende dingen wer fergetten, wylst de artikels dy't jo skreaun hawwe, bliuwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 feb 2024, 23.53 (CET)[beäntwurdzje]

Europapa

[boarne bewurkje]

Goeie FreyaSport, tige tank foar it skriuwen fan it artikel Europapa. Ik kin sels spitigernôch gjin Frysk (allinne mei Google Translate en ChatGPT), oars hie ik it sels dien. Groetnis, Sietske (oerlis) 18 mai 2024, 09.07 (CEST)[beäntwurdzje]

@Sietske Graach dien, in artikel skriuwe oer popmuzyk is bêst lestich fanwegen de minne boarnen, mar oer dizze grutte hit fan Joost Klein moast wol skreaun wurde. Net allinne fanwegen de hege posysje yn de hitlisten mar ek ta gefolch fan it barren op it sjongfestival.

Graag gedaan, een artikel schrijven over popmuziek is best lastig vanwege de gebrekkige documentatie, maar over deze grote hit van Joost Klein moest wel geschreven worden. Niet alleen vanwege de hoge positie in de hitlijsten maar ook door het gebeuren op het songfestival.
FreyaSport (oerlis) 18 mai 2024, 10.57 (CEST)[beäntwurdzje]

Ynwennertal Oeriselske plakken

[boarne bewurkje]

Hoi @FreyaSport, ik sjoch jo binne op it stuit warber mei it skriuwen oer Oeriselske plakken. Ik haw okkerdeis it Berjocht:Oerisel ynwennertallen wenplakken oanmakke. Hy is lykwols noch lang net folslein. Ik haw de plakken fan de gemeente Stienwikerlân tafoege. De oare plakken moatte noch, mar kinne we dwaan as you go om it samar te sizzen. As jo in side oer in plak meitsje kinne jo dy dêryn taheakje as jo wolle. Om it yn de side fan in plak oan te bringen is itselde as by de Nederlânske gemeenten en wenplakken fan Fryslân; jo foegje <nowiki> yn. Op de puntsjes kinne jo de plaknamme ynfolje. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 21 mai 2024, 09.03 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie, @Kneppelfreed Prachtich hoe mear as we yn sokke berjochten plakke kinne hoe ynfâldiger siden by de tiid te hâlden binne. As ik der om tink dat sil ik it berjocht ynwennertallen wenplakken bywurkje, as ik in side oer in wenplak oanmeitsje. Mar sjoch my der net op oan dat ik al wurkjend it ris in kear ferjit. FreyaSport (oerlis) 21 mai 2024, 09.08 (CEST)[beäntwurdzje]
@FreyaSport, as jo it ris ferjitte, gjin probleem. Dan helpe we inoar hjir gewoan :-) Kneppelfreed (oerlis) 22 mai 2024, 03.30 (CEST)[beäntwurdzje]

Song / Sjong

[boarne bewurkje]

Goeie FreyaSport. Even oer dy kategoryen fan it Eurofyzjesongfestival dy't jo wiske hawwe wolle. Jo sizze dat der in staveringsflater yn 'e titel sit, mar dat is net sa. It is eins gjin "sjongfestival", wat jo derfan makke hawwe, mar in "songfestival": song is Ingelsk foar "liet", dus in "lietefestival". No haw ik der net folle op tsjin dat jo de namme hielendal ferfryske hawwe, it wie ek wat frjemd mei dy gedieltlike ferfrysking fan "Eurofyzje" wylst "song" yn it Ingelsk stean bleau. Mar dat wurdt ek yn it Nederlânsk dien: Eurovisiesongfestival. Dat is de gongbere namme. Dus ik hie dy titels fan 'e kategoryen mei sin sa skreaun. Dat woe ik even dúdlik hawwe. Dêrom wiskje ik se net, mar wiis ik se troch nei de kategoryen dy't jo derfan makke hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 10 jun 2024, 23.34 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie @Ieneach fan 'e Esk Ik ha dizze kategoryen op de wisklist setten om't it neffens it wurdboek en Frysker dochs echt sjongfestival weze moast, mar om my prima dat as trochferwizing stean bliuwe. FreyaSport (oerlis) 11 jun 2024, 07.52 (CEST)[beäntwurdzje]