Wikipedy:In nije side meitsje

Ut Wikipedy

Der binne op dit stuit twa manieren foar it oanmeitsjen fan in nije side. (Foar mear ynformaasje oer it skriuwen van tekst, sjoch Wikipedy:Ienfâldich begjinne, en fierders faaks de Nederlânsktalige Wikipedia: Uitleg.)

In keppeling nei in lege side[boarne bewurkje]

Sjogge jo op de Wikipedy efter in wurd in fraachteken (of in reade link), dan is dat in al oanmakke keppeling nei in noch lege side. As jo dêrop klikke, dan ferskynt de bewurkingsside, mei in noch leech bewurkingsfjild. Yn dat fjild kinne jo nije tekst skriuwe. Dat kin daalks in folslein artikel wêze, of earst allinnich mar in oansetsje.)

Binne jo ree, dan kinne jo ûnderoan by Gearfetting koart oanjaan wat jo skreaun hawwe. Mei "Earst oerlêze" kinne jo fan de niis ynfierde tekst neisjen oft it noch oars moat. Jo krije dan in nije side yn foarbyld fan de nij oanmakke side. Omdat it bewurkingsfjild ek wer op de side stiet, kinne jo gewoan noch fierder mei tafoegjen en oanpassen. (Oft it bewurkingsfjild boppe of ûnder stean moat, kinne jo oanpasse yn de brûkers-ynstellings.)

Binne jo tefreden, dan klikke jo op Fêstlizze. Dernei komt de festleine side yn byld.

In nije keppeling[boarne bewurkje]

Meitsje in nije keppeling op in side dy't wat mei jo nij mêd út te stean hat, of as it wurd al op dy side stiet, feroarje it dan yn in keppeling (Wikifisearje). Klik dan op it nije fraachteken (of de reade ferwizing) en meitsje in begjin mei de nije side. Sa kin men hieltyd nije stikken tafoegje.

Winken[boarne bewurkje]

  • Wolle jo oan in hielendal nij mêd begjinne, dan is it baas en besykje earst fia it sykfjild, dat op eltse side stiet, út te finen oft der al ien dwaande is mei dat mêd.
  • Is it mêd noch nij in de Wikipedy, nim dan it rommere mêd dêr't it ûnder heart (faak in algemiene kategory, lykas Psychology of Muzyk). Is sa'n kategory der noch net, meitsje dy dan earst oan (en sa fierder as dat nedich is, oant der in kategory komt dy't sa mei de Haadside keppele wurde kin). Meitsje in keppeling nei de nije side op in gaadlik plak. Klik dan op Fêstlizze ûnderoan de side. Op de bewurke side komt no de nije keppeling, mei in fraachteken. Klik dêrop en jo kinne oan 'e slach!
  • NB! Tink derom dat dy nije keppeling in noflike titel hat, en dat dy titel tusken dûbele rjochte heakken stiet., [[Sa]] . (Sjoch ek It beneamen fan in side en Uitleg).

En no: Brân mar los en fiel jo frij! Mar wolle jo earst wat witte oer de foarm en ynhâld fan Wikipedy siden, lês dan Stikken skriuwe yn Wikipedy-styl.