Wikipedy:Brân mar los

Ut Wikipedy

Fiel dy frij![boarne bewurkje]

Minsken funksjonearje it bêste as se harren frij fiele.

Utsoarte moast der net te lang by stil stean. Bewurkje dy side dy't dyn ynteresse hat mar, ferbetterje in flater, foegje ynformaasje ta, ferbetterje de styl fan in artikel, begjin in nij ûnderwerp, it is allegear wolkom!

Sa bouwe we meiïnoar op ús eigen wize mei oan dit projekt. Freegje dy net ôf wêrom't in oar dit of dat oer de holle sjoen hat, mar wês gewoan sa frij it sels te dwaan. Sa wurket it op Wikipedy. Mei it nedige respekt en goede manieren wurdt it wol wat!


Maer praktyske ynformaasje: