Wikipedy:Keppelings om utens

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Keppelings om utens binne de keppelings mei ynternet-adressen bûten de Wikipedy. Dat soenen bygelyks keppelings nei in oerheidsynstânsje wêze kinne, of nei in net-kommersjele organisaasje.

Keppelings om utens tafoegje[boarne bewurkje]

It hat by oare wikipedyen bliken dien dat it baas is en heakje keppelings om utens ta as in aparte seksje oan de ein fan de side, dat set se net troch de tekst hinne. Keppelings om utens binne in oanfolling, mar it moat net sa wêze dat ynformaasje net op de side delset wurdt om't der in keppeling om utens is dêr't dy ynformaasje te finen is. De Wikipedy nimt alle ynformaasje op dy't, frij fan rjochten, tafoege wurde kin, dat it moat net sa wêze dat de lêzers allinnich mar keppelings sjogge. De Wikipedy is gjin Webporteal!

Wannear keppelings om utens?[boarne bewurkje]

  • Guon siden ferwurdzje mear as ien stânpunt. Dan kin it baas wêze en heakje keppelings ta nei addressen dêr't elts stânpunt dúdlik útien set wurdt. Mar dochs: Dat moat gjin ferfanging wêze fan ynformaasje dy't likesagoed op ús eigen side stean kin.
  • Beskriuwings fan eveneminten, organisaasjes en ynstellings kinne in keppeling taheakke krije nei harren wichtichste side(n).
  • Somtiden kin ynformaasje net út in boarne oernaam wurde om't dy net frij fan rjochten is. Dan kin der in keppeling makke wurde sadat de lêzer dy dochs ynsjen kin.
  • Om't de Wikipedy noch net genôch meidoggers hat om gau alle ynformaasje yn de wrâld op te nimmen, kin in keppeling om utens brûkt wurde dêr't in boarne mear ynformaasje hat as de Fryske Wikipedy. Yn de rin fan de tiid wolle wy dy ynformaasje fansels leafsich keppelings om utens meitsje nei betroubere siden, dêr't jo fan oannimme kinne dat dy noch lang berikber bliuwe sille. Eltse kear dat in keppeling weifalt moat der wer immen efteroan.