Springe nei ynhâld

Wikipedy:Gjin orizjineel ûndersyk

Ut Wikipedy
Oersjoch behearsiden
Siden oangeande Wikipedy-rjochtlinen

Gjin orizjineel ûndersyk is in term dy 't op Wikipedy brûkt wurdt oangeande materiaal dat noch net publisearre waard yn in betroubere boarne dy't te krijen hat mei it oanbelangjende ûnderwerp. Orizjineel ûndersyk omfettet net-publisearre feiten, termen, arguminten, konsepten, stellingen of teoryen, of elk oare foarm fan net-publisearre analyze of synteze fan publisearre materiaal, of lykas yn de wurden fan Wikipedy-oprjochter Jimmy Wales: "in nije sjenswize of nije histoaryske ynterpretaasje".

Wikipedy: Gjin orizjineel ûndersyk ("GOU") is ien fan de trije pylders wêrop't it Wikipedy-projekt rêst. De oare binne Wikipedy:Objektivens (ek wol "NPOV" "Neutral Point Of View") en Wikipedy:Ferifiearberens. Mei-inoar drage se soarch foar it soart materiaal dat talitten wurde kin yn Wikipedy-artikels, en ek foar de kwaliteit dêrfan. Om 't de trije pylders inoar oanfolje, binne se ûnskiedber mei-inoar ferbûn. Se moatte dus net ôfsûnderlik ynterpretearre wurde en brûkers soene der goed oan dwaan om har mei alle trije fertroud te meitsjen.

Alles yn Wikipedy moat basearre wêze op publisearre betroubere boarnen (as dy ûntbrekke, dan mei it net yn Wikipedy behannele wurde, likefolle hoe 't ' bekend ' of ' belangryk ' it ûnderwerp is ). Hoewol 't it net altyd ferplichte is om in boarne yn in lemma op te nimmen, helpt soarchfâldige brânûnmelding wol om oan te toanen dat der gjin sprake is fan orizjineel ûndersyk.

Eftergrûn

[boarne bewurkje]

Ynearsten waard it GOU-belied ynfierd om foar te kommen dat minsken Wikipedy brûke soene om bekendheid te jaan oan harren eigen ideeën. Wikipedy's oprjochter Jimmy Wales, hat de oarsprong fan it GOU-belied sa omskreaun:

"" De term "orizjineel onderzoek" ûntstie benammen as in praktysk middel om mei natuerkundige [Morosofy| waanwittenskippers] ôf te rekkenjen, wêrfan't der fansels in tal aktyf binne op it ynternet. It basis idee is sa: it kin foar ús tige dreech wêze om in goed oardiel te jaan oer de fraach oft in bepaalde saak "wier" is of net. It is net oan ús om te besykjen om fêst te stellen oft immen syn eigen natuerkundige teory wat wearde hat; wy hawwe net echt de middels om dat dwaan te kinnen. Mar wat we ' dwaan kinne is kontrolearje oft it al of net publisearre is yn fakblêden of troch útjouwers dy 't goed bekend steane. It is dêrom it ienfâldichst om it oardieljen oer de leauweardigens fan saken te mijen troch fêst te hâlden oan wat troch minsken dy't folle better by steat binne te oardieljen as leauweardich bestimpele wurdt. Krekt itselde prinsipe sil ek jilde moatte foar skiedkundige teoryen".[1]

Wat is net tastien?

[boarne bewurkje]

In bewurking jildt yn alle gefallen as orizjineel ûndersyk yn gefallen as de folgjende:

  • Hja presintearret in nij idee of konsept of in nije teory, metoade, etc;
  • Hja stelt nije terminology fêst;
  • Hja biedt of ûnderstelt in nije útlis fan besteande terminology;
  • Hja biedt in analyze of syntese fan besteande feiten, ideeën, mieningen of arguminten, sûnder dat dy analyze of synteze direkt werom te finen is yn in betroubere boarne (dy't betrekking hat op dat ûnderwerp).

Boarne gebrûk

[boarne bewurkje]

Hoewol't de term "gjin orizjineel ûndersyk" oars tinken docht, is ûndersyk op himsels wol tastien, en sels fereaske. Mei ûndersyk wurdt dan doeld op it kennis nimmen fan de literatuer (ynklusyf oare as printe media), it gearfetsjen dêrfan en it organisearjen fan dit materiaal, mei oare wurden de biblioteek yn dûke en oan it wurk gean.

Betroubere boarnen

[boarne bewurkje]

Materiaal dat neffens de hjir gegeven definysje as "orizjineel ûndersyk" oanmurken wurdt, is materiaal dat net út in betroubere boarne komt. De meast direkte wize om oan te toanen dat gjin sprake is fan orizjineel ûndersyk, is om in betroubere boarne oan te dragen dêr 't itselde yn steld wurdt as wat yn it lemma opnommen wurdt (alle materiaal dat ta diskusje stiet of dêr 't dat fan te ferwachtsjen is, moat ûnderboud wurde mei in betroubere boarne; sjoch Wikipedy:Ferifiearberens.

Der is gjin ûndûbeldsinnige definysje foar "betrouber", mar de measte brûkers sille de betsjutting fan dizze term prima oanfiele. As meast betroubere boarnen jilde wittenskiplike boeken en tydskriften, al sille ek grutte kranten en tydskriften of oar wurk publisearre troch bekende útjouwers hiel betrouber wêze kinne. Oer it algemien jildt dat de betrouberens fan in publikaasje omheech giet nei alle gedachten it tal minsken omheech giet dat de tekst derfan kontrolearret. Dat kin te krijen hawwe mei it kontrolearjen fan de feiten, de juridyske aspekten en it skreaune sels. Materiaal dat troch immen yn eigen behear publisearre is, sawol op papier as online, wurdt oer it algemien net as betrouber sjoen (of it moast wêze yn oare, betroubere boarnen dizze publikaasje wol as betrouber akseptearre wurdt).

Synteze fan publisearre materiaal

[boarne bewurkje]

Soms wurdt sa redenearre: "A is troch in betroubere boarne publisearre lykas B, en út A en B folget automatysk D". Dat soe lykwols krekt in foarbyld wêze fan in nije synteze fan publisearre materiaal. Dêrom is it orizjineel ûndersyk.[2] "Ut A plus B folget D" kin allinnich brûkt wurde as dizze konklúzje al earder lutsen is yn in betroubere boarne, dy't betrekking hat op dit oanbelangjende ûnderwerp. As dat net it gefal is, sille A en B dus neist inoar fermeld wurde kinne, lykwols sûnder fermelding fan D.

In sterke oanwizing foar synteze is, wannear 't by ien sin ferwiisd wurdt nei meardere boarnen oer ferskate ûnderwerpen, al hoecht dit net automatysk te betsjutten dat der echt sprake is fan synteze.

Orizjinele ôfbyldingen

[boarne bewurkje]

n grutte útsûndering yn dit belied jildt foar ôfbyldingen. Wikipedy-brûkers wurde just oanmoedige om foto's of oarsoartige ôfbyldingen te produsearjen en dy te uploaden. Soksoarte ôfbyldingen moatte dan frijjûn wurde ûnder Creative Commons of in oare tastiene lisinsje om artikels te yllustraasje. Sjoch foar mear ynformaasje hjiroer: Wikipedy:Triemmen oanbiede. De reden foar it wol tastean fan ôfbyldingen is dat dizze selden "net-publisearre feiten, arguminten, konsepten, stellingen of teoryen" befetsje. Boppedat stiet de wetjouwing yn in soad lannen yn kombinaasje mei it kreëarjen fan in frije ensyklopedy ús net ta om in soad publyk tagonklike ôfbyldingen te brûken. Ofbyldingen makke troch brûkers binne in wolkomme oanfolling foar Wikipedy!

In neidiel fan it tastean fan it oanbieden fan eigen foto's is it feit dat brûkers bewurkingssoftware brûke kinne om bepaalde feiten oars wer te jaan as de werklikheid. In bewurking fan in foto moat dêrom dúdlik as sadanich omskreaun binne. Ofbyldingen dy 't orizjineel ûndersyk werjouwe, lykas in diagram fan in bepaald atoom mei net earder ûntdutsen ûnderdielen dy 't troch de uploader no foar it earst publisearre wurde, binne net tastien.

Mieningen/stânpunten

[boarne bewurkje]

t tafoegjen fan in stânpunt dat allinnich troch in lytse minderheid stipe wurdt, kin sjoen wurde as orizjineel ûndersyk. It is sawiesa bysûnder dreech om sa 'n miening te ferdigenjen, sjoen it earder neamde prinsipe " neutraal stânpunt ". Wikipedia-oprjochter Jimmy Wales sei hjiroer:

  • "As immen syn stânpunt troch de mearderheid erkend wurdt, soe it ienfâldich wêze moatte om dat stânpunt ek mei algemien oanfurdige boarnen te stypjen."
  • "As immen syn stânpunt troch in wittenskiplike minderheid erkend wurdt, soe it ienfâldich wêze moatte om promininte oanhingers derfan te neamen, en it artikel soe fêst de kontroverse dêroer beskriuwe moatte, sûnder dêr fierder in oardiel oer te jaan."
  • "As immen stânpunt troch in hiele lytse minderheid stipe wurdt, dan jildt it folgjende; oft it no kloppet of net; oft it no wol of net bewiisd wurde kin; it heart ienfâldichwei net thús op Wikipedy, útsein miskien yn in ûndergeskikt artikel [dat spesifyk oan dit minderheidsstânpunt wijd is]. Wikipedy is net it plak foar eigen ûndersyk."[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wales, Jimmy."Original research", 3 desimber 2004.
  2. Jimmy Wales kart synteze fan skiedkundige teoryen ôf en ferklearre dêroer:

    "Der kinne minsken wêze dy 't folslein begripe wêrom 't Wikipedy gjin orizjinele natuerkundige teoryen opstelle moatte soe troch resultaten fan eksperiminten en sa te sitearjen en dy tegearre te foegjen ta wat nijs, mar net ynsjen dat itselde jildt foar skiedkundige teoryen."

    ("Some who completely understand why Wikipedia ought not create novel theories of physics by citing the results of experiments and so on and synthesizing them into something new, may fail to see how the same thing applies to history")

    Wales, Jimmy. "Original research", 6 desimber 2004
  3. Wales, Jimmy. "A Request RE a WIKIArticle", 29 septimber 2003.
  • Wikipedy:NL