Springe nei ynhâld

Wikipedy:Wikikette

Ut Wikipedy
Oersjoch behearsiden
Siden oangeande Wikipedy-rjochtlinen

Wikikette, dat is de etikette op'e Wikipedy. Om't hjir it Fiel-dy-frij-en-brân-mar-losgefoel foar eltsenien yn stân holden wurde moat, binne der in tal mores op de Wikipedy.

Artikelsiden

[boarne bewurkje]
  • Je sette noait jo hantekening ûnder in bydrage oan in artikel. Yn 'e sideskiednis is al te sjen wa't wat oan it artikel dien hat.
  • Der binne konfinsjes mei betrekking ta de opmaak fan artikels, om't wy dêryn graach konsekwent binne. It is better at elts him dêroan hâldt.
  • Sa gau as jo dúdlik wurdt dat immen it net iens is mei jo bewurking, gryp dan nei de oerlisside fan dat artikel of fan de meidogger om de feroarings te besprekken. Fersmyt gjin tiid oan wizigingsoarloggen.

Oerlissiden

[boarne bewurkje]
  • Ûndertekenje jo bydragen op oerlissiden, ynklusyf de sintrale oerlisside fan it projekt, mei fjouwer tildes (~~~~), wêrtroch't jo namme en de tiid fan ûndertekenjen sichtber wurde.
  • Reagearjen dogge jo ûnderoan in side, of yn elts gefal ûnder de opmerking dêr't jo op reagearje.
  • Feroarje net tefolle yn oarmans eardere diskusjebydragen, en leafst hielendal neat. Eardere diskusjebydragen binne fan de skriuwer en dy meie net ferfalske wurde.

Meidoggerside en meidoggeroerlis

[boarne bewurkje]
  • De meidoggersside wurdt yn prinsipe net troch oaren as de meidogger sels skreaun.
  • Ek de frijheid fan mieningsutering hat syn grinzen. Brûk jo meidoggersside net foar misledigings oan oaren (meidoggers of net), al wie it mar om't dy persoan dêr gjin antwurd op jaan kin en mei.
  • It samar weiheljen fan oarmans bydragen op jo oerlisside wurdt net wurdearre. Doch dat allinich as it fandalisme is of wat dêr bot op liket.
  • It leechmeitsjen fan dy oerlisside op it stuit dat dy te fol wurdt is lykwols tige gewoan. Soargje eventueel foar in argyf (benammen mei yn linkske boppe-oan jo oerlisside: Meidogger oerlis:Xyz/Argyf).

Ferskaat

[boarne bewurkje]
  • At jo, nei de Wikipedy ûntdekt te hawwen, in soad oan artikels bydrage, tink der dan ris om jo Oan te melden. Sa kinne oare meidoggers it oerlis makliker folgje en hoege se jo bydragen net mear op fandalisme of begjinnersflaters (dingen dy't by IP-nûmers in soad foarkomme) te kontrolearjen.
  • Last but not least: Probearje altiten persoanlike oanfallen foar te wêzen. Josels, de oare meidogger en de ensyklopedy hawwe abslút neat oan in protsje skellende en rúzje meitsjende Wikipedianen dy't oars ek oan artikels meiskriuwe kind hienen.