Stienwikerlân (Nederlânsk: Steenwijkerland; Nedersaksysk: Steenwiekerlaand of Stienwiekerlaand) is in gemeente yn de provinsjeOerisel mei in oerflak fan likernôch 330,00 km² (dêr't likernôch 33 km² fan wetter is).
Op 1 jannewaris2001 waarden de gemeenten Iselham en Brederwide oan de gemeente Stienwyk tafoege. De ynwenners fan dy twa eardere gemeenten wienen it lykwols net iens mei de namme Stienwyk. Se joegen oan in namme as "Kop fan Oerisel" of "Stienwikerlân" better te finen, om't by allinnich de namme "Stienwyk" it krekt like oft de gemeenten troch Stienwyk anneksearre wienen. Troch dy protesten is de namme fan de gemeente op 1 jannewaris 2003 feroare ta Stienwikerlân.
Fierder hat de gemeente noch in rige buorskippen: Barsbeek, Basserveld, Blauwe Hand, De Klosse (foar in part), Dinxterveen, Doosje, Dwarsgracht, Heetveld, Jonen, Kadoelen, De Kolk (foar in part), Leeuwte, Moespot, Molenhoek, Muggenbeet, Ronduite, Zuideinde.