Springe nei ynhâld

Brederwiede

Ut Wikipedy

It eardere gemeentehûs fan Brederwiede, Oldruitenborgh yn Follenhove
flaggewapen
polityk
lân Nederlân
provinsje Oerisel
sifers en geografy
haadplakFollenhove
grutste plakFollenhove
ynwennertal12.050 (1 jannewaris 2000)[1]
oerflak140,73
● wêrfan lân114,95
● wêrfan wetter25,78
skiednis
oprjochte1973
foar 1973 Follenhove
Bloksyl
Giteren
Wanneperfean
opheft2001
opgien yn Stienwikerlân
no part fan Stienwikerlân
oar
netnûmer0521, 0522, 0527

Brederwiede is in eardere gemeente yn de Kop fan Oerisel yn de Nederlânske provinsje Oerisel. It haadplak wie de stêd Follenhove. De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 1973 nei it gearfoegjen fan de gemeenten Bloksyl, Follenhove, Giteren en Wanneperfean. Op 1 jannewaris 2001 waard de gemeente mei de gemeenten Iselham en Stienwyk gearfoege ta de fúzjegemeente Stienwikerlân dy't yn de earste twa jier fan "Stienwyk" hiet.

De gemeente bestie út de folgjende kearnen:

KearnYnwenners
1 jannewaris 2023
Belt-Schutsloot605
Bloksyl1.395
Follenhove4.370
Giteren2.865
Sint-Janskleaster2.520
Wanneperfean1.730

Boargemasters fan Brederwiede wiene:

  • 1973-1980: Willem Blanken (1923-2009) (ARP / CDA)
  • 1980-1981: mr. Willem Jacob Elias Crommelin (CDA) (waarnimmend)
  • 1981-1993: Willem Tuik (CDA)
  • 1993-1999: Netty A. van den Nieuwboer-Langenkamp (CDA)
  • 1999-2000: Pieter Loos (VVD) (waarnimmend)

De gemeente hie stêdebannen mei:

Boarnen, noaten en/as referinsjes: