Springe nei ynhâld

Olst-Wijhe

Ut Wikipedy
Olst-Wijhe
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
boargemasterSietske Poepjes
sifers en geografy
haadplakWijhe
grutste plakWijhe
ynwennertal18.838 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens166 ynw./km²
oerflak118,37 km²
● wêrfan lân113,84 km²
● wêrfan wetter4,53 km²
tal doarpen7
ferkearsierenSteatsline A,
N337, N348, N756
skiednis
oprjochte2001
1 jannewaris 2001 -
26 maart 2002
Gemeente Olst
oar
postkoade8120-8139,
8195-8199
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websideWebstee fan de gemeente

Olst-Wijhe (Nedersaksysk: Olst-Wieje) is in gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 18.838 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 118,50 km² (wêrfan 2,52 km² wetter). De gemeente ûntstie yn 2001 út 'e fúzje fan 'e eardere gemeenten Wijhe en Olst.

De gemeente Olst-Wijhe bestiet út 7 doarpen en njoggen buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Wijhe, dat ek it grutste doarp is.

Doarp Buorskip
BoerhaarDuur
BoskampEikelhof
Den NulElshof
OlstFortmond
WelsumHengforden
WesepeHerxen
WijheMarle
Middel
Welsumerveld

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De provinsjale diken N337 (Dimter - Olst - Wijhe - Swol) en de N348 (Dimter - Wesepe - Raalte - Ommen) trochkruse de gemeente, lykas de steatsline A . Sawol Olst as Wijhe hawwe in spoarweistasjon dêr't in intercity twa kear yn 'e oere ophâldt. De gemeente hat twa fearponten oer de Isel: Wijhe-Vorchten en Olst-Welsum.

Kultuer en rekreaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Olst-Wijhe leit it natuergebiet Duursche Waarden dat diel útmakket fan de Uterwaarden fan de Isel. Om de ruïnes fan it eardere stienfabryk Fortmond hinne binne fan de jierren 1990 ôf troch Steatsboskbehear natuergebieten ûntwikkele. De doarpen Olst en Wijhe en it buorskip Marle hawwe mealfeardige nôtmûnen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Oerisel
    Flagge fan de provinsje Oerisel
    Flagge fan de provinsje Oerisel
    Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden
    · · Berjocht bewurkje
    Olst-Wijhe
    Doarpen:
    BoerhaarBoskampDen NulOlstWelsumWesepeWijhe
    Buorskippen:
    DuurEikelhofElshofFortmondHengfordenHerxenMarleMiddelWelsumerveld
    Wetter:
    Isel
    · · Berjocht bewurkje