Springe nei ynhâld

Hengelo (gemeente)

Ut Wikipedy
Hengelo
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Goa Twinte
boargemasterSander Schelberg
sifers en geografy
haadplakHengelo
grutste plakHengelo
ynwennertal83.096 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens1.365 ynw./km²
oerflak61,83 km²
● wêrfan lân60,84 km²
● wêrfan wetter0,99 km²
tal stêden1
tal doarpen1
ferkearsierenSteatsline D,
Spoar fan Almelo nei Salzbergen,
A1, A35, N739
skiednis
oprjochte1811
oar
postkoade7550-7559
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websideWebstee fan de gemeente

Hengelo (Nedersaksysk: Hengel) is in stêd en gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 83.096 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 61,75 km² (wêrfan 0,69 km² wetter). De gemeente Hengelo waard oprjochte yn 1811.

De stêd Hengelo omfettet it grutste part fan de gemeente. Yn it súdlike part fan de gemeente leit it tsjerkedoarp Beckum. Dêrneist falle de buorskippen Woolde (foar in grut part) en Oele ûnder de gemeente.

Hoewol't út archeologysk ûndersyk bliken dien hat dat der op it plak dêr 't de gemeente him no befynt al in pear tûzen jier bewenning west hat, is de gemeente Hengelo pas ûntstien yn 1811.

De gemeente begûn pas te groeien yn de yndustriële revolúsje fan de njoggentjinde iuw. Ynearsten wie der ek yn Hengelo tekstylyndustry, mar wêr 't dy him yn de rin fan de iuw hieltyd mear konsintrearje soe yn Ynskedee, kaam yn it Hengelose ekonomysk libben de klam hieltyd mear te lizzen op de technyske yndustry.

Yn de jierren 90 waarden der plannen ûntwikkele om de gemeenten Ynskedee, Hengelo en Borne gear te foegjen ta ien gemeente Twintestêd. Yn 2000 waard fan dat plan ôfsjoen, benammen omdat in referindum dy't yn de gemeente Hengelo holden hie útwiisd hie dat der sa goed as gjin draachflak ûnder de pleatslike befolking bestie.

De gemeente Hengelo bestiet út 1 stêd, in doarp en trije buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Hengelo.

Stêd Doarp Buorskip
HengeloBeckumOele
Twekkelo
Woolde

De gemeente Hengelo ûntstie yn 1811 út de marken Beckum, Oele en Woolde. De grinzen waarden yn 1820 wetlik fêstlein en oanjûn troch grinspeallen of fjildstiennen. Fan dy peallen en stiennen binne der acht bewarre bleaun. De gemeente Hengelo leit rûchwei yn it midden fan Twinte en wurdt omjûn troch de plakken Borne yn it noardwesten, Deurningen yn de gemeente Dinkellân yn it noarden, Ynskedee yn it súdeasten, Haaksbergen yn it suden en Delden yn de gemeente Hôf van Twinte yn it westen. In part fan it bûten Twickel leit binnen de gemeentegrinzen.

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de gemeente rint de steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) en ut spoar fan Almelo nei Salzbergen mei twa stasjons yn de gemeente Hengelo en Stasjon Hengelo Gezondheidspark . It busferfier wurd fersoarge troch EBS ûnder de oerkoepeljende namme RRReis. De diken A1 (Knooppunt Watergraafsmeer - De Lutte), de A35 (Swol - Ynskedee) en de 739 (Haaksbergen - Hengelo) trochkruse de gemeente.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Oerisel
    Flagge fan de provinsje Oerisel
    Flagge fan de provinsje Oerisel
    Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden
    · · Berjocht bewurkje
    Hengelo
    Stêd:
    Hengelo
    Doarp:
    Beckum
    Buorskippen:
    OeleTwekkelo (foar in part)Woolde (foar in part)
    Eardere doarpen en buorskippen:
    Hasselo
    Wetter:
    BerflobeekBoekelerbeekElsbeekHasselerbeekOelerbeekTwintekanaalWoolderbinnenbeek
    · · Berjocht bewurkje