Springe nei ynhâld

Iselliny

Ut Wikipedy
De Iselliny, yn 't ljochtblau it gebiet dat ûnder wetter set wurde moast

De Iselliny wie in militêre ferdigeningsliny dy't tusken 1951 en 1954 by de Isel del oanlein waard om Nederlân te beskermjen tsjin in lânynvaazje. Ek al wie by de Dútske oanfal op Nederlân fan 1940 al dúdlik wurden dat de Isel fan ôfgryslik grut belang wie by it ferdigenjen fan Nederlân, waard pas tidens de Kâlde Kriich besletten ta de bou fan in slutende ferdigeningsliny. Nederlân wie nei de Twadde Wrâldkriich benaud foar in Russyske ynfal om't de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk harren striidkrêften flink lytser makke hienen en de FS in ôfwachtsjende hâlding hienen tsjinoer de Russyske agressy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]