Ossensyl

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ossensyl oan it kanaal fan Stienwyk nei Ossensyl

Ossensyl[1] (Nederlânsk, offisjeel: Ossenzijl, Nedersaksysk: Ossenziel) is in doarp yn de gemeente Stienwikerlân yn de Nederlânske provinsje Oerisel. It hat ûngefear 500 ynwenners. It doarp krige har namme nei alle gedachten troch de famylje Osse, dy't in slûs behearde (syl). De slûs wurdt net mear brûkt.

Toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ossensyl leit oan de Kalenbergergracht, dy't de Weerribben en Kalenberg middels de Linde mei de Fryske marren ferbynt. It wetter wurdt benammen brûkt troch boatsjeminsken. Benammen simmerdeis lûkt Ossensyl in soad toeristen dy't in dei nei Nasjonaal Park Weerribben-Wieden geane. Ossensyl leit yn it natoergebiet De Weerribben. Dit gebiet is al ris keazen as moaiste plak fan Nederlân.

Yn de Weerribben stiet in lytse tsjasker.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Ossensyl steane twa tsjerken. Dy fan de eardere PKN-gemeente wurdt brûkt as atelier troch byldzjend keunstner Ilja Walraven, en troch in Vrije Zendings Gemeente.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven.