Aldemerk

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wapen fan Oldemarkt

Aldemerk, Oertsjongersk Ooldemark (pleatslik ek wol Oldemaark), is in doarp yn de gemeente Stienwikerlân yn de provinsje Oerisel. Yn it ferline hearde it doarp ta de gemeente Iselham, oant Oldemarkt gearfoege waard mei de gemeenten Brederwide en Stienwyk ta de nije gemeente Stienwikerlân.

Elk jier wurde op Himelfeartsdei yn Oldemarkt de bekende Lambertusfeesten hâlden, mei de Lambertusmerk, wêr't tûzenen minsken op ôfkomme.

De bynamme foar de Oldemarktsters is stoepeskiters.