Rykswei 31

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
A31
Langte: 66,9 km
Kaart
RW31Locatie.png

Rykswei 31, ek A31, is in autowei en autogongwei dy't it doarp Surch fia Harns en Ljouwert mei Drachten ferbynt. De wei begjint by knooppunt Surch mei de A7 by de Ofslútdyk en krúst by knooppunt Oerterperfallaat wer de A7. Allinnich it âldste diel, tusken Harns en Ljouwert, dat yn 1983 iepene waard, is it in autosneldyk, de rest is autodyk. De A31 is ien fan de pear autogongwegen yn Nederlân dy't net daliks oanslút op in oare autogongwei.

Wâldwei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stik fan Ljouwert-Himriksein nei Drachten, better bekend as de Wâldwei, oarspronklik yn gebrûk nommen yn 1978, waard nei 2000 omboud ta in fjouwerstrooks autowei mei skieden rydbanen. Underdiel fan de wurksumheden wie de bou fan Akwadukt Langdeel en ferdûbeling fan de Foanejachtbrêge. Op 31 oktober 2007 koe ferkear foar it earst oer it hiele trajekt gebrûk meitsje fan fjouwer rydstroken[1], wêrmei't de ferdûbeling fan de Wâldwei ôfrûn is. It weidiel waard op 21 jannewaris 2008 offisjeel iepene troch minister Eurlings fan Ferkear en Wettersteat.

Heak om Ljouwert[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It trajektbeslút oer it gedeelte tusken de ein fan de Waldwei en de A31, ek wol bekend as de Heak om Ljouwert wurdt yn 2007 nomd. De nije wei begjint by Werpsterhoek (de ein fan de Wâldwei) en einiget by de N383 by Marsum. De nije westlike ynfalsrûte fan Ljouwert slút oan op de Heak.
Yn'e maitiid fan 2010 waard út ein set mei de oanlis fan de Heak om Ljouwert en de keunstwurken anneks.[2] De Heak om Ljouwert is op 18 desimber 2014 om 14:00 iepene.

Ferdûbeling Surch-Harns[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gedeelte tusken knooppunt Surch en Harns, útsein de traverse troch Harns, wurdt omboud ta fjouwerstrooks autowei. Bysûnder is dat dizze ferbouwing net bedoeld is om in fileprobleem op te lossen, mar om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen. It stik N31 tusken Surch en Harns jildt as ien fan de ûnfeilichste wegen fan Nederlân; tusken 1995 en 2000 foelen der 18 deaden op de wei en tusken 1993 en 2000 teffens 37 ferwûnen; yn fergeliking mei oare autowegen barre der relatyf in soad slimme ûngelokken, fataal of mei letsel.[3] It wurk oan de N31 by Harns is ein 2015 begûn.[4]

Drachten-Emmen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei Drachten giet de N31 fierder as de N381 rjochting Emmen.

Oant yn de jierren njoggentich rûn de N31 oer de hjoeddeiske N381, de N34 en oer de Rûnwei fan Emmen nei de N862, dêr't de N31 by Klazienaveen op de N37 oanslute.

Anno 2016 binne de plannen foar in (gedieltlike) ferdûbeling en werynrjochting fan de wei Drachten-Appelskea/Hoogersmilde foar in grut part útfierd. Mooglik sil de dyk letter wer omdoopt wurde yn N31.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante - Wâldwei oer fjouwer banen iepen
  2. Provincie Friesland - Planning Haak om Leeuwarden
  3. N31.nl - achtergrond
  4. Verkeerenwaterstaat.nl - De opening van de N31 Zurich-Harlingen, in Kimswerd fia nieuwsbank.nl