Springe nei ynhâld

Provinsjale wei 917

Ut Wikipedy
N917
Langte: 16,1 km
Kaart

De provinsjale wei 917 (N917) is in provinsjale wei yn Fryslân yn de gemeenten Opsterlân en Eaststellingwerf. De dykfoarmet in ferbining tusken de N381 bewesten Oerterp en Haulerwyk, dêr't de dyk oanslút op de N918 en N979. De dyk ûntstie yn de rin fan de 20e iuw troch it opwurdearjen fan besteande weidielen.

De dyk is oer gâns de lingte in twastripewei. It part tusken de N381 en Oerterp is in gebietsûntslutingswei mei bûten de beboude kom in maksimumfaasje fan 80 km/o. It oerbliuwende part oant Haulerwyk is in hiemtagongswei mei bûten de beboude kom in maksimumfaasje fan 60 km/o. Yn de gemeente Opsterlân hjit de dyk efterinoar Opgong, Hegebrechsterlaan, Selmien East, Weibuorren, Boerestreek, Het Tolhek, Binnenwei, Klauwertswei, Foarwurker Wei, Tsjerkewal en Mandewyk. Yn de gemeente Eaststellingwerf hjit de dyk Bakkeveensterweg, Compagnonsweg en Hoofdweg Boven.

Tusken Sigerswâld en Haulerwyk is de dyk de trekwei by de Bakkefeanster Feart en de Haulerwykster Feart.

Diken yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits
· · Berjocht bewurkje