Springe nei ynhâld

Provinsjale wei 381

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan N381)
N381
Langte: 66,4 km
Kaart
De N381 ûnder Hoogersmilde

De provinsjale wei 381 of N381 is in wei yn de provinsjes Fryslân en Drinte. De dyk rint fan Drachten nei Emmen. De wei leit yn it ferlingde fan A31; it begjin is de ôfslach Oosterwolde fan de A7 by Drachten; de ein is Emmen. By Beilen slút de wei oan by de A28.

De N381 wurdt yn Drinte ek wol de Twee Provinciënweg (Twa Provinsjeswei) of de Frieslandroute (Fryslânrûte) neamd. De oanlis fan 'e wei begûn yn 'e fyftiger jierren fan 'e 20e iuw yn Fryslân, en yn 1975 waard it lêste trasee yn Drinte iepene.

De wichtichste plakken oan de wei binne: Donkerbroek, Easterwâlde, Appelskea, Hoogersmilde, Beilen, Westerbork, Zweeloo en Noard-Sleen.

Op de hichte fan Appelskea snijt de N381 it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld.

It Drintske part fan de N381 is foar it grutste part in streamwei mei in maksimum faasje fan 100 km/oere. Fan 2004 oant 2006 is der grut ûnderhâld dien oan it Drintske part fan de dyk. Alle grûnkrúsings binne derút helle en binne der foarsjennings fan de fauna troffen. Neffens de nije rjochtlinenis der ek in griene streek yn it midden fan 'e dyk oanbrocht. Op 14 oktober 2006 is de dyk offisjeel iepene mei it organisearjen fan in maraton. Dy maraton begûn yn Hegersmilde en einige yn Emmen.

It Fryske part fan Drachten oant de Drintske grins soe omfoarme wurde tusken 2014 en 2016 ta streamwei. In streamwei hat in maksimum faasje fan 100 mk/oere. In streamwei hat gjin grûnkrúsings mei bygelyks ferkearsljochten, mar alline krusings fan ûngelikense hichte lykas tunnels en fiadukten. Yn 2009 is it trasee fan de N381 Drachten - Drintske grins foargoed fêststeld en yn 2010 binne de finânsjen ta beskikking steld. Dêrnei is in Provinsjaal Ynpassingsplan (PYP) opsteld. In PYP is in bestimmingsplan op provinsjaal nivo. It PYP is 31 oktober 2012 fêststeld troch de útspraak fan de Ofdieling Bestjoersrjochtspraak fan de Rie fan Steat. De dyk tusken Drachten en Easterwâlde waard omboud ta in dyk mei 2x2 rydstripen; yn maaie 2020 wie it wurk dien. It part tusken Easterwâlde en de Drintske grins bleau in twastripe.

Sûnt it ynfieren fan it dyknûmersysteem fan 1976 hie de N381, lykas de dyk Ljouwert-Drachten, de nûmer N31, dy't rûn fan Ljouwert oant de N34 by Emmen.

By it ynfieren fan it Rykswegenplan 1984 waard it part fan de N31 tusken Ljouwert en Drachten opnaam as planrykswei 31. Nei it ynfieren fan de Wet werferdieling wegebehear op 1 jannewaris 1993 kaam de N31 by ferskillende wegebehearders yn behear. It diel, dat yn behear wie by de provinsjes Fryslân en Drinte, waard omnûmere ta N381.

It part tusken de oansluting op de N34 en de beboude kom fan Emmen wie fan 1981 ôf nûmere as N364. Yn 2000 waard de N391 om Emmen yn de rjochting fan Ter Apel iepene, dêr't it grutste part fan de N364 syn regionale ûntslutingsfunksje troch ferlear en dêrom waard dat oerdroegen oan de gemeente Emmen. It part fan de N364 tusken de N34 en de komgrins fan Emmen waard part fan de N381.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Diken yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits
· · Berjocht bewurkje