Ter Apel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kleaster Ter Apel.

Ter Apel is in doarp yn de gemeente Vlagtwedde, yn it súdeasten fan de provinsje Grinslân. Der wenje 8.671 minsken (2009). It plak leit oan de provinsjele diken N366, N976 en N391. Súdlik fan it plak leit it Ter Apel-Kanaal, it Stads-Terapel-Kanaal leit oan de westkant, de Ruiten Aa is in streamke dat oan de eastkant fan Ter Apel leit.

Yn Ter Apel wurdt ien fan de grutste karnavalsfeesten fan Noard-Nederlân fierd. In grut part fan de ynwenners is roomsk. Yn 1953 slute it roomsk-katolike kleaster fan Ter Apel. Hjoed-de-dei wurdt it âlde tsjerkgebou fan it kleaster brûkt as herfoarme tsjerke.