Agodorp

Ut Wikipedy
Agodorp
Lokaasje Agodorp yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Lokaasje Agodorp yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Polityk
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Sifers
Ynwennertal 186 2001[1]
Oar
Koördinaten 52° 52' NB, 7° 5' EL
Yngong Agodorp

Agodorp is in wyk yn it doarp Ter Apel yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân en waard yn 1915 as in tûndoarp boud.

De wyk leit justjes besuden Ter Apel en waard foar de wurklju fan de N.V. AGO, Maatschappij voor het drogen, veredelen en verwerken van hout oanlein. De wyk is, lykas Burgemeester Beinsdorp, in bûtenwyk fan Ter Apel en leit yn it bosk dêr't it Kleaster Ter Apel stiet. De wyk bestiet út 90 arbeiderswenten, boud yn in uniforme styl, en trije wenten foar de direksje.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't it Ruiten-Aa-kanaal yn 1912 reekaam, waard yn 1917 in drûgerij en konservefabryk foar ierdappels, griente en fruit (Aardappelen, Groenten en Ooft: AGO) oprjochte oan dat kanaal. Om't de mooglikheden foar de útfier yn de Earste Wrâldkriich min wiene, begûn de fabryk yn 1919 mei in houtparserij. In bekend produkt waard Lignostone (stienhout). Dêrfoar waarden tinne houtlagen ûnder hege druk mei it taheakjen fan keunstharsen meiïnoar parse ta in houtprodukt dat hast like sterk as stiel wie, mar dan folle lichter. Fan dat guod waarden benammen weefspoelen en oare houten reauwen makke. Ek tafelblêden, skys, en propellers foar fleantugen fan ûnder oaren Fokker en De Havilland waarden dêr makke. Yn de Twadde Wrâldkriich hie de lieding fan de fabryk ek de lieding oer de sustermaatskippij Röchling Limestone, dy't brûkt waard om Nederlanners dêr wurkje te litten om sa ûnder de Arbeitseinsatz wei te kommen.

Yn 1965 waard de namme feroare ta AGO Lignostone. Yn de santiger jierren lijde it bedriuw ferlies en waard yn 1973 troch in Britsk bedriuw oernaam. Yn 1977 gie it bedriuw, nettsjinsteande de finansjele stipe dy't t bedriuw ferskate kearen krigen hat, fallyt. It bedriuw waard dêrnei oernaam troch de NOM (Noardlike Untwikkelingsmaatskippij) en de Rotterdamske holdingmaatskippij Arcade. De nije namme waard Lignostone. It bedriuw waard ferpleatst nei de Mercuriusweg, en de âlde fabryksgebouwen waarden troch oare bedriuwen oernaam. Yn 1980 liet de NOM Lignostone fallyt gean om't dy gjin takomst yn it bedriuw mear seach. In wurknimmer naam it bedriuw lykwols oer en wist wer winst te meitsjen. Yn 2003 gie it bedriuw fannijs fallyt, mar makke in trochstart en is noch hieltyd warber oan de Mercuriusweg.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Gemeente Westerwâlde
Wapen fan de Gemeente Westerwâlde
Haadplak: SellingenWedde
Doarpen: AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWedderveerZandberg
Buorskippen: AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer Wisch • Tjabbestreek • VeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtange • Westeind • WollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêge • Zuidveld
Wetter: B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa