De Lethe
De Lethe | ||
Polityk | ||
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerwâlde | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 7' NB, 7° 11' EL |
De Lethe (Grinslânsk: Laite) is in buorren yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. De buorren leit beëasten Bellingwolde, tusken it B.L. Tijdenskanaal en de Dútske grins. De buorren wurdt hjoed-de-dei omjûn troch in natuergebiet. It is neamd nei de wetterrin De Lethe, Moersloot, Hoholtsmaar of Dunebroeker Leetze (1620).
De delsetting In de Liete waard yn 1692 of 1693 troch predikant Johannes Cypriani neamd as it wenplak fan in nustje gemeenteleden.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wetternamme Lits of Leetse komt fan de Germaanske stamme *leka of *lako. In dokumint út 1391 neamt de Letze off die Zyp...gelegen tusschen die Westerlee ende de Medum. Besibbe binne de wetternammen Leets by Laskwerd, De Lits by de Rottefalle, Lek(e) yn it Westerkertier en Oosterleek yn West-Fryslân. Ek nammen mei it taheaksel -elte en -lee binne dêroan besibbe.
Skânzen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Frânske tiid waarden der yn 1797 twa skânzen oanlein: in lytse fjildskâns (redûte), en justjes benoarden, in iepen fjildwurk mei twa útstykjende hoeken. Beide skânzen waarden troch in dyk meiïnoar ferbûn (de Soldatedyk). Dy wurken waarden mear brûkt foar it bestriden fan slûkerij yn it grinsgebiet mei Dútslân. Yn 1870 waard mei Keninklik Beslút alle fêstings yn Nederlân opheft, dus dy fan De Lethe ek. Yn it ramt fan de ruilferkaveling waarden yn 1984/1985 de âlde fêstings fannijs sichtber makke yn it gea.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De Lethe
-
De rjochthoekige redûte fan De Lethe
-
Plan fan de twa skânzen fan De Lethe
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Lethe fan Wikimedia Commons. |