Sânwyk

Ut Wikipedy

Sânwyk (Nederlânsk en offisjeel: Zandwijk) is in buorskip yn de gemeente Westerkertier yn it súdwesten fan de provinsje Grinslân.

De buorskip leit bewesten Zevenhuizen, oan de lykneamde wyk, dy fan de Jonkersfeart mei in bocht rjochting Zevenhuizen rint. De namme soe ferwize kinne nei de sânige boaiem dy't yn it fean opmerklik wie.