B.L. Tijdenskanaal
It B.L. Tijdenskanaal of Verenigd Kanaal is in kanaal fan 15,5 km yn it easten fan de Nederlânske provinsje Grinslân
Rin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By Veelerveen rinne de Ruiten-Aa-kanaal en it Mussel-Aa-kanaal gear en fan dêr ôf rinne se fierder as it B.L. Tijdenskanaal. Justjes besuden Rhederbrug komt it Veendiep, dy't in trochgeande ferbining mei de Westerwâldske Aa foarmet, yn it kanaal út. It B.L. Tijdenskanaal rint dêrnei by de plakken Rhederbrug en Lethe, dat oan de eastkant fan Bellingwolde leit, del. Dêr rint it kanaal hast deun tsjin de Dútske grins oan. De lêste fjouwer kilometer fan it kanaal leit op de eastlike ouwer it Bosk op Houwingaham. Justjes besuden Bad Nijeskâns komt it kanaal út yn de Westerwâldske Aa. It kanaal waard yn it ferline brûkt foar frachtskippen, mar wurdt hjoed-de-dei brûkt foar de plezierfeart. De wichtichste funksje fan it kanaal is de wetterôffier fan Westerwâlde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It B.L. Tijdenskanaal wie part fan it kanalisaasjeplan foar Westerwâlde. Dat waard dien yn opdracht fan de Feriening ta it Fuortsterkjen fan de Kanalisaasje fan Westerwâlde. Inisjatyfnimmer foar dy feriening wie Boelo Luitjen Tijdens, in grutboer yn Nieuw-Beerta en lid fan de Twadde Keamer. Westerwâlde hie in soad te lijen fan wetteroerlêst. Dat kaam troch it oanmeitsjen en de feanterij fan it Boertanger Fean. It wikseljen fan de wetterstân fan de rivierkes de Ruiten-Aa en de Mussel-Aa waard troch it opsûgjende wurkjen fan it fean fermindere. Doe't it fean ôfgroeven waard dy wetterstân ûnregelmjittich. Boelo Tijdens stribbe dêrnei foar it oanlizzen fan kanalen yn Westerwâlde en it eastlike Aldamt, dêr't it oerstallige wetter ôffierd wurde kin, en dat Westerwâlde gaadlik foar skipfeart wurde koe. Yn 1905 waard úteinsetten mei it projekt en yn 1911 kaam it ree. Yn it kanaal kaam ien slûs te lizzen: de Vriescheloostersluis. By dy slûs waard foar Boelo Tijdens in monumint oprjochte.
Yn 2006 waard úteinsetten mei it projekt IJkdijk, dat proeven docht mei dykkonstruksjes.