Vlagtwedder-Veldhuis
Appearance
Vlagtwedder-Veldhuis | ||
Lokaasje Vlagtwedder Veldhuis yn de eardere gemeente Vlagtwedde | ||
Polityk | ||
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerwâlde | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 120 | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 1' NB, 7° 8' EL |
Vlagtwedder-Veldhuis is in útbuorren yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It leit yn de regio Westerwâlde 3 kilometer besúdeasten Vlagtwedde en falt ek ûnder dat doarp.
It leit tusken de Ruiten Aa en it Ruiten-Aa-kanaal yn. It plak hat sa'n 50 huzen mei 120 ynwenners.
It plak ûntstie foar 1634 om't op de kaart fan Cornelis Pijnacker út 1634 it plak oanjûn stie as Veldhuys.
Tusken 1915 en 1948 hie Vlagtwedder-Veldhuis in halte oan de stoomtramline Wynskoat - Ter Apel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |