Westerwâlde (gemeente)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Westerwâlde

Westerwolde

flagge wapen
Flag of None.svg
Westerwolde wapen.svg
lokaasje
Locator Westerwolde.png
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
sifers en geografy
haadplak Sellingen en Wedde
ynwennertal 25.244 (2019)
befolkingstichtens 89 / km²
oerflak 280,65 km²
● wêrfan lân 275,77 km²
● wêrfan wetter 4,88 km²
tal doarpen 21
ferkearsieren N365 N367 N368 N969 N973 N976
skiednis
oprjochte 2018
Oant 2018 Bellingwedde vlag.svg Bellingwedde
Vlagtwedde vlag.png Vlagtwedde
oar
netnûmer 0597, 0599
postkoade 9541, 9545, 9551, 9561, 9563, 9566, 9695–9699
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.westerwolde.nl

Westerwâlde (Grinslannersk: Westerwoolde; offisjeel Westerwolde) is in gemeente yn it easten fan Grinslân. De gemeente ûntstie yn 2018 troch gearfoeging fan de gemeentes Bellingwedde en Vlagtwedde. De twa gemeentehuzen dogge noch jimmeroan tsjinst foar de hjoeddeiske gemeente Westerwâlde.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fan de gemeente is ûntliend oan it gea Westerwâlde, dat yn de gemeente leit en werfan't de grins foar in part mei dy fan de gemeente gearfalt.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Westerwâlde hat 21 doarpen:

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Ter Apel stiet it iennige noch besteande midsiuwske plattelânskleaster fan de provinsje Grinslân. It is tsjintwurdich in museum en it leit yn in 200 hektare grut bosk.

It Hûs fan Wedde stiet yn Wedde. It is in boarch, wêrfan't de skiednis op de 14e iuw werom giet.

Aldeskâns waard yn de Tachtichjierrige Kriich boud troch Willem Loadewyk fan Nassau. Eartiids lei Aldeskâns oan 'e see, mar nei't de Dollard ynpoldere waard rekke it de strategyske betsjutting kwyt en ferfong Nijeskâns dy funksje. .

Yn Bellingwâlde stiet it Museum de Oude Wolden. It museum jout omtinken oan keunst, folkloare en skiednis. Ek wurde der wurken útstald fan de magyske realist Lodewijk Bruckman en fan De Ploeg.

Bourtange is in restaurearre fêsting dy't oanlein is yn de tiid fan de opstân tsjin Filips II fan Spanje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Grinslân
Flagge fan de provinsje Grinslân
Aldamt - Appingedam - Delfsyl - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Loppersum - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde