Springe nei ynhâld

Kristen Demokratysk Appèl

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Christen-Democratisch Appèl)
Kristen Demokratysk Appèl
OfkoartingCDA
PartijliederHenri Bontenbal
PartijfoarsitterJean Wiertz
Fraksjelieder
Twadde Keamer
Henri Bontenbal
Fraksjelieder
Earste Keamer
Theo Bovens
Delegaasjelieder
Europeesk Parlemint
Tom Berendsen
Sitten yn
Twadde Keamer
Sitten yn
Earste Keamer
Sitten yn
Provinsjale Steaten
Sitten yn
Europeesk Parlemint
Oprjochte11 oktober 1980
Fúzje fanARP, CHU, KVP
RjochtingSintrum-rjochts
IdeologyKristendemokrasy, konservatisme
Ledetal26.227 (2025)
JongereinorganisaasjeCDJA
Europeeske partijEPP
Europeeske fraksjeEPP
YnternasjonaalCDI
Websteewww.cda.nl

It Kristen Demokratysk Appèl, Nederlânsk: Christen-Democratisch Appèl, koartwei CDA, is in Nederlânske politike partij. De grûnslach is kristlik-konfesjonalistysk, de politike filosofy is sintralistysk mei konservative eleminten. De partij hat in soad macht yn sawol de nasjonale polityk as yn in soad gemeentes.

Fânâlds wie polityk yn Nederlân sterk kristlik kleure. Yn de jierren sechtich en santich naam de steun lykwols ôf foar de trije grutte kristlike partijen, de protestantske ARP en CHU en de katolike KVP. Dêrtroch waarden sûnt 1967 plannen foar in fúzje besprutsen. Op 11 oktober 1980 krige dizze fúzje syn beslach en waard it CDA oprjochte.

It ferfal like mei de fúzje wol stoppe: de nije partij bleau yn de hiele jierren tachtich om de 50 sitten yn de Twadde Keamer. Under de garismatyske premier Ruud Lubbers helle de partij yn 1986 en 1989 sels 54 sitten. Lubbers liede trije kabinetten mei it CDA as grutste partij: it Lubbers I en II mei de VVD, Lubbers III mei de PvdA.

De kristlike partijen, en ek it CDA, hie altiten wis west fan it sitten yn it regear, omt de oare partijen yn de Twadde Keamer har ûnderling útslueten troch te grutte ideologyske ferskillen. Benammen PvdA en VVD liken net yn ien regearing te kinnen. Yn 1994 kaam dêr lykwols feroaring yn. By dizze ferkiezings waard it CDA pleage troch in krisis om de nije listlûker Elco Brinkman. It CDA sakke yn de peilings hieltiten fierder en by de ferkezings ferlear de partij úteinlik 20 sitten, wêrmei't se op 34 útkaam. PvdA, VVD en D66 foarmen doe in kabinèt, Kok I, better bekend as it earste pearse kabinet.

Yn de opposysje gie it mei it CDA ek net goed. De liedslju wikselen inoar ôf, en de úteinlike primus inter pares, Jaap de Hoop Scheffer, hie ek net it garisma om de trend te kearen: yn 1998 ferlear it CDA wer fiif sitten en kaam op 29 út. Mei de ferkezings fan 2002 kaam ûnferwachts de omkear. De Hoop Scheffer waard ferfongen troch Jan Peter Balkenende, en ûndanks dat in soad minsken de gek mei him hienen kaam de partij út op 43 zetele, wêrmei't it wer de grutste partij wie.

Yn it folgjende kabinèt naam de partij dan net allinnich sitting mar levere se ek de premier: dat waard Balkenende sels. It kabinet-Balkenende I, bestie út CDA, LPF en VVD, mar it foel al nei 86 dagen troch ynstabiliteit yn de LPF. By de ferkiezings yn 2003 krige de partij sels noch in sit mear, wêrmei't it de grutste bleau, al kaam de PvdA mei 42 dêr krekt ûnder. Balkenende late ek it nije kabinèt, kabinet-Balkenende II, no besteande út CDA, VVD en D66. Dat kabinet foel yn 2006 en kaam it kabinet-Balkenende III, besteande út CDA en VVD. Troch grutte krityk op it rezjym fan it kabinet-Balkenende II ferlear it CDA wol wer yn de peilings. Dit ferlies waard lykwols yn de oanrin nei de ferkiezings fan 2006 goedmakke: it CDA ferlear trije sitten (44 nei 41). It kabinet-Balkenende IV, bestie út CDA, PvdA en KristenUny.

Dat kabinet foel yn 2010. Yn de ferkiezings fan 2010 ferlear it CDA 20 sitten (41 nei 21). Yn oktober 2010 kaam it kabinet-Rutte I, besteande út VVD, CDA (en mei "gedoochsteun" fan de PVV). Dit kabinet is stroffele oer it finanzjeel belied, wêrnei't de PVV opstapte. By de Keamerferkiezings yn 2012 ferlear it CDA 8 sitten en kamen hja op 13. De jierren dêrnei hawwe sy ûnder lieding fan Sybrand Buma opposysje fierd tsjin it kabinet-Rutte II (VVD en PvdA). Dat hat it CDA winst oplevere, want by de ferkiezings fan 2017 gongen sy fan 13 nei 19 sitten. Van oktober 2017 oan jannewaris 2022 makken it CDA diel út fan it kabinet-Rutte III (VVD, CDA, D66 en Kristen Uny). Fan jannewaris 2022 oan july 2024 makken it CDA diel út fan it kabinet-Rutte IV (VVD, D66, CDA en Kristen Uny)

Europeesk parlemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It CDA makket diel út fan de Europeeske Kristendemokraten, de EVP, dy't, ûnder lieding fan foarsitter Wilfried Martens de partij fan Berlusconi (de F.A., dy't in fúzje oangie mei de Italjaanske fassisten) yn harren midden opnamen om sa oan in mearderheid te kommen.

Bekende CDA-politisy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kabinet-Rutte III

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kabinet-Rutte IV

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earste en Twadde Keamer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jeropeesk Parlemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Deputearren yn Fryslân (2019-2023)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boargemasters (2025)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Provinsje Fryslân:

Fertsjintwurdiging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Earste Keamer
jiersitten
197724
198027
198128
198326
198626
198726
199127
199519
199920
200323
200721
201111
201512
20199
20236
Twadde Keamer
jiersitteneardere partijen
195677KVP 49, ARP 15, CHU 13
195975KVP 49, ARP 14, CHU 12
196376KVP 50, ARP 13, CHU 13
196769KVP 42, ARP 15, CHU 12
197158KVP 35, ARP 13, CHU 10
197248KVP 27, ARP 14, CHU 7
197749
198148
198245
198654
198954
199434
199829
200243
200344
200641
201021
201213
201719
202115
20235
202518
Jeropeesk Parlemint
jiersitten
197910
19848
198910
199410
19999
20047
20095
20145
20194
20243

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Polityk yn Nederlân
    50+BBBCDACUD66DENKFVDGL
    JA21PvdAPvdDPVVSGPSPVoltVVD