Ruud Lubbers

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ruud Lubbers

Rudolphus Franciscus Marie (Ruud) Lubbers (Rotterdam, 7 maaie 1939 - dêre, 14 febrewaris 2018) wie in Nederlânsk politikus, ekonoom, ûndernimmer en diplomaat. Hy wie minister-presidint fan 1982 oant 1994 en is dêrmei de langst sittende minister-presdint fan Nederlân. Hy hat trije kabinetten lied, twa kear in sintrumrjochts kabinet mei de VVD en ien kear in sintrumlinks kabinet mei de PvdA.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lubbers kaam út in Katolyk ûndernimmershûshâlden. Syn heit wie direkteur fan de Hollandia konstruksjewurkpleats en masinefabryk yn Krimpen oan de Isel. Ruud Lubbers hat ekonomy studearre en kaam tegearre mei syn broer yn de direksje fan it fabryk doe’t syn heit ûnferwachts stoar. Hy waard lid fan de Katolike Folks Partij (KVP) oant dy partij opgong yn it CDA. Yn 1973 waard Ruud Lubbers minister fan Ekonomyske Saken yn it kabinet den Uyl, dat bestie út PvdA, KVP, ARP, D66 en PPR. Der wie binnen dit kabinet nochal gauris wat ûnmin tusken de konfesjonele partijen (de katolike KVP en grifformeerde ARP) en de progressiven, ûnder oaren oer it minimumlean foar jongerein en de grûnpolityk, dêr’t it kabinet oer fallen is.

Nei de ferkiezings yn 1977 waard in kabinet foarme fan CDA en VVD mei Dries van Agt as minister-presidint. Ruud Lubbers kaam yn de Twadde Keamer, as plakferfanger fan fraksjefoarsitter Willem Aantjes. Doe’t Aantjes yn novimber 1977 opstapte omdat er betinkingen wienen oer syn rol yn de Twadde Wrâldoorloch, waard Lubbers de nije fraksjefoarsitter. Dat wie noch net sa maklik, want der sieten acht “loyalisten” yn de CDA-keamerfraksje dy’t it kabinet kritysk folgen. Dochs helle it kabinet Van Agt-Wiegel de einstreek en koenen de beide partijen CDA en VVD nei de ferkiezings fierder gean mei harren kabinet. Mar Dries van Agt sei dat er de polityk ferlitte woe en hy waard opfolge as minister-presidint troch Ruud Lubbers.

It kabinet Lubbers I (mei CDA en VVD) stie gruttendiels yn it teken fan de besunigingen op de steatsskuld. In soad wurknimmers gongen der mei harren ynkommen op efterút, mar it kabinet woe dit kompensearje troch de minsken koarter wurkje te litten. In oar diskusjepunt wie de pleatsing fan krúsraketten. In protte minsken gongen de strjitte op te demonstrearjen yn Amsterdam en De Haach. By de keamerferkiezings fan 1986 wûn it CDA 9 sitten en de VVD ferlear 9. It kabinet hold dus likefolle sitten, mar de ferhâlding tusken beide partijen waard skeaner. Dat kabinet Lubbers II hat de termyn net fol makke, mar stroffele yn novimber 1989 oer it reiskostenforfait. By de ferkiezings dy’t hjir op folgen, bleau it CDA de grutste partij, mar de VVD ferlear 5 sitten en hja hienen tegearre gjin mearderhyd mear. Nei de formaasje kaam der in kabinet Lubbers III dat bestie út CDA en de PvdA. Dit kabinet besunige op de sosjale wissichheid. Ruud Lubbers hie al fier yn it foar oanjûn dat er nei de ferkiezings fan 1994 ôfskied nimme soe fan de polityk. Hy hie tolve jier minister-presidint west en is dêrmei de langst sittende minister-presidint fan Nederlân. Syn opfolging ferrûn net sa goed, it CDA ferlear tweintich sitten en foar it earst sûnt sawat tachtich jier waard der in kabinet foarme sûnder CDA.

Nei syn ôftreden as premier, waard Ruud Lubbers foar twa dagen yn ‘e wike heechleraar Globalisering oan de Katolike Universiteit Brabân en foar in moanne yn ’t jier visiting professor oan de Harvard University yn Cambridge (Feriene Steaten). Yn 2001 waard er Hege Kommissaris foar de Flechtelingen fan de Feriene Naasjes (UNHCR). Yn 2004 waard Lubbers troch in meiwurkster beskuldige fan net-winske yntimiteit. Hoewol’t ek nei djipgeand ûndersyk net bliken die wat der krekt bard wie, is Lubbers by eintsjebeslút dochs opstapt. Dêrnei hat er ferskate inisjativen stipe op it mêd fan duorsemens. Hy woe sels wol graach foarsitter wurde fan de Jeropeeske Uny, mar neffens de geroften hat de Dútske bûnskanselier Helmut Kohl dit tsjin holden om ’t Lubbers kritysk west hie oer it ienwurden fan East- en West Dútslân.

Ruud Lubbers hat twa kear ynformateur west. Earst yn 2006 neidat it kabinet Balkenende II (CDA, VVD en D66) stroffele wie en letter nochris yn 2010 doe’t der in kabinet kaam fan VVD en CDA mei “gedoochstipe” fan de PVV.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De smaak van de macht. Gesprekken met oud-premiers Annemarie Gualtherie van Weezel, Conserve, 2011
  • Alle 42 premiers. Hun leven en loopbaan, Gerry van der List, Elsevier Boeken, 2010
  • Het grote marathon interview boek Aukje Holtrop, Contact, 2009 3 oer duorjende ynterviews foar de VPRO-radio mei û.o. Ruud Lubbers
  • Inspiration for global governance. The Universal Declaration of Human Rights and the Earth Charter Ruud Lubbers, Kluwer, 2008
  • De vrees voorbij. Een hartenkreet Ruud Lubbers, De Bezige Bij, 2007
  • Merkstenen Dag Hammarskjold, 22e druk, Ten Have, 2007, mei in foaropwurd fan Ruud Lubbers
  • Als je moet vluchten Ruud Lubbers, Gianotten, 2002
  • Ruud Lubbers. Peetvader van het poldermodel Bert Steinmetz, Prometheus, 2000
  • Sociale cohesie in een tijdperk van globalisering Ruud Lubbers, RabobankAcademieSeminars, 1998
  • Geloof in de samenleving. Christen-democratie in 3 generaties: Ruys, Klompé, Lubbers Ruud Lubbers, Valkhof pers, 1998
  • De stranding. Het CDA van hoogtepunt naar catastrofe Marcel Metze, SUN, 1995 oer de dramatysk ôfrûne machtsoerdracht fan Lubbers oan syn 'kroanprins' Elco Brinkman
  • Europe. A continent of traditions Ruud Lubbers, Cambridge University Press, 1994
  • Samen onderweg. Over democratie, christendom en samenleving, economie en internationale vraagstukken Ruud Lubbers, Het Spectrum, 1991
  • Ruud Lubbers. Manager in de politiek Arendo Joustra, Anthos, 1989
  • Het succes van Lubbers. Hoe word ik minister-president? Niels Rood, Kios, 1989
  • Inzake het kabinet-Lubbers Joop van Tijn & Max van Weezel, Sijthoff, 1986 û.o. oer de macht fan Lubbers als minister-presidint
  • De baard van Lubbers. Zin en onzin over de premier Jan Tromp, De Haan, 1983
  • Bedrijven in moeilijkheden. Een serie universitaire voordrachten over een economisch beleid in moeilijkheden Ruud Lubbers, Tjeenk Willink, 1980
  • Democratie en efficiency. Congrespapers van de landelijke economistendag, 3 september 1977 Ruud Lubbers, Meulenhoff Educatief, 1977
  • Energienota Ruud Lubbers, Steatsútjouwerij, 1974