Aukje Holtrop
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Aukje Holtrop (Beverwyk, 1941) is in Nederlânsk (freelance) sjoernaliste en publisiste.
Holtrop studearre Nederlânsk oan de Universiteit fan Amsterdam. Hja publisearre in soad oer berneliteratuer en oer Nynke van Hichtum. Sy wurke by de krante Trouw en by it wykblêd Vrij Nederland en wie haadredakteur fan de jongereinkrante Primeur. Teffens docht hja mei oan ferskate tf-programma's en hat se in kommunikaasjeburo.