Springe nei ynhâld

Nynke fan Hichtum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nynke van Hichtum)
Nynke fan Hichtum
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sjoukje Maria Diderika Troelstra-Bokma de Boer
nasjonaliteit Nederlânsk
berteplak Nes
stjerplak Hilfertsom
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk, Nederlânsk
bekendste
  wurk(en)
Afke's Tiental, Jelle van Sipke-Froukjes
offisjele webside
DBNL

Nynke fan Hichtum en Nienke van Hichtum binne skûlnammen fan 'e skriuwster fan berneboeken en polityk aktiviste Sjoukje Maria Diderika Troelstra-Bokma de Boer (Nes, 13 febrewaris 1860Hilfertsom, 9 jannewaris 1939). Se is benammen bekend om har boek De Tsien fan Martens Afke dat se yn 1902 skreau.

Sjoukje Bokma de Boer waard 13 febrewaris 1860 berne yn Nes (Dongeradiel), as fiifde en jongste dochter fan dûmny Albertus Minderts Bokma de Boer en Dieuwke Jans Klaasesz.. Doe't se jong wie krige se byles fan har heit, dêr't ek in protte ferhalen by hearden. Fan har 15e oant har 19e gie se nei de kostskoalle fan dûmny Scheltema yn Dokkum. Dêr krige se ek it advys te skriuwen.

Yn 1888 boaske se mei Pieter Jelles Troelstra. Ek Pieter moedige har oan ta it skriuwen, en tegearre wurken se oan For Hûs en Hiem. It pear krige ek twa bern: yn 1889 in famke, Dieuwke, en yn 1891 in jonge, Jelle. It húshâlden hie it yn de njoggentiger jierren net breed, en Sjoukje skreau har ferhalen oer fiere lannen ek om wat ekstra jild yn te bringen.

Yn de nije iuw stipe Sjoukje it wurk fan har man, nettsjinsteande dat har skriuwwurk hieltiid mear tiid naam. Yn 1903 kaam, yn it Nederlânsk, har earste ferhaal oer Fryslân út: De Tsien fan Martens Afke. Uteinlik bestie de boask dizze twa karriêres lykwols net, en yn 1907 gongen Sjoukje en Pieter útelkoar.

Sjoukje bleau dwaande mei skriuwen, mar dan mei it gearbringen en bewurkjen fan ferhalen út de wrâldliteratuer. Earst yn 1924 kaam mei Jetse, een Friesche Vertelling wer in ferhaal oer Fryslân út. It woeks út ta it ferhaal De Jonge Priiskeatser, dat yn 1932 yn it Nederlânsk útkaam.

Yn de tritiger jierren skreau se mear oer Fryslân, en se fette it plan op in boek oer har eigen jonge jierren te skriuwen. Se ferstoar lykwols 9 jannewaris 1939 yn Hilfertsom ear't se dat plan útfiere koe. Ek har winsk fan Fryske útjeften fan har wurk waard by har libben net ferfolle. Lykwols kamen nei har dea ferskate fan har boeken yn Fryske oersettings út.

Yn Wergea, dêr't Marten en Afke wennen, stiet in byld fan Afke mei har tsien, makke troch Suze Boschma-Berkhout, as monumint foar Nynke fan Hichtum. Yn Nes stiet sûnt novimber 1997 yn de Haadstrjitte in boarstbyld fan de skriuwster, makke troch Hans Jouta.

It boek De oare helte fan Tineke Steenmeijer-Wielenga, Nederlânske titel Eigen waarde, oer de relaasje fan it pear Troelstra, is yn 2001 ferfilme as Nynke. Op 6 oktober 2005 promovearre Aukje Holtrop oan de Ryksuniversiteit Grins op it proefskrift Nynke van Hichtum. Leven en wereld van Sjoukje Troelstra-Bokma de Boer (1860-1939).

Boekomslach Zwarte Jakob van den Valkenburg (1914)
  • 1887 - Teltsjes yn skimerjoun
  • 1897 - Sip-su, "de knappe jongen"
  • 1898 - Uit verre landen
  • 1898 - De geschiedenis van den kleinen Eskimo Kudlago
  • 1899 - Hoe een kleine Kafferjongen page bij de koning werd
  • 1900 - Oehoehoe in de wildernis
  • 1901 - Een Kafferse heldin
  • 1903 - Afke's Tiental
  • 1905 - Friesche schetsen
  • 1905 - Het apenboek
  • 1908 - Der wier ris in âld wyfke (foar lytse bern)
  • 1908 - Er was eens een oud vrouwtje
  • 1911 - Moeders vertellingen
  • 1911 - Kajakmannen, Groenlandsche avonturen (neiferteld)
  • 1913 - Oude en nieuwe verhalen
  • 1918 - De tooverhoed (neiferteld)
  • 1920 - Gouden sprookjes van gebrs. Grimm (neiferteld)
  • 1921 - Vertellingen uit de Duizend en één nacht (bewurking)
  • 1922 - Het groot vertelselboek
  • 1923 - Het leven en de wonderbare lotgevallen van Robinson Crusoë (neiferteld)
  • 1924 - Jetse, een Friesche vertelling (Letter útwreide ta Jelle van Sipke-Froukjes.)
  • 1924 - De verstandige poedel
  • 1929 - Winnie de Poeh, voor Nederlandse kinderen naverteld door Nienke van Hichtum
  • 1930 - De prinses op de erwt (neiferteld)
  • 1932 - Jelle van Sipke-Froukjes
  • 1932 - Oom remus vertelt sprookjes van de oude plantage aan den kleinen jongen. (bewurking)
  • 1933 - Russische sprookjes
  • 1936 - Schimmels voor de koets of ... vlooien voor de koekepan?
  • 1936 - Het Spel van Moeder en Kind. Oude kinderrijmen voor jonge ouders (mei Jop Pollmann).
  • 1937 - Drie van de oude plaats
    • 1950 - Bewurke as Jonge Jaike fan it Aldhiem
  • 1937 - Oude bekenden
    • 2003 - Oerset as Alde kunde, in mearkeboek
  • 1939 - Nienke van Hichtum vertelt weer
  • 1939 - De jonge priiskeatser (Fryske ferzje fan Jelle van Sipke-Froukjes.)
  • 1948 - Geplukte bloemetjes, een bundel heel kleine verhaaltjes
  • - Vier duizend kilometer door de Poolwoestijn
  • - Sprookjes van Hauff (bewurking)
  • - Zwarte Jacob van den Valkenburg