Nes (Noardeast-Fryslân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nes (Dongeradiel))
Nes
Flagge fan Nes Wapen fan Nes
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nes
Gemeente Noardeast-Fryslân
Ynwennertal (2021) 390
Webstee Webstee fan Nes
Nes fan de seedyk ôf
Sicht op Nes
de herfoarme tsjerke
tsjerketoer fan Nes
It hûs Mon Desir

Nes is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Nes leit noardlik fan Easternijtsjerk, eastlik fan Wierum, westlik fan Moddergat en besuden de Waadsee. Yn 2021 telde Nes sa’n 390 ynwenners. De doarpskearn fan it doarp leit benammen rûn de tsjerke op de terp fan Nes.

De buorskip Wie heart by Nes. Earder hearde de buorskip Nesser Grou ek by Nes mar dy buorskip bestiet net mear.

Sûnt 2019 leit Nes yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In nes is in útstekkende lânpunt, en is besibbe oan it wurd 'noas'. Nes sil dus op in útstekkende lânpunt lein hawwe. It wurdt foar it earst neamd yn 1369 as Nesse. Yn 1453 wurdt in Pijbe ter Nesma neamd, yn 1466 wurdt it skreaun as Nees. Yn 1511 en oare 16e-iuwske kaarten komt de namme Nes(s) foar. De buorskip Nesser Grou is dan in ûnderdiel fan it doarp.

It gebiet is yn de 12e iuw bedike, en de âldste bewenningsresten fûn yn de omkriten fan Nes binne ek fan dy tiid. De markante bakstiennen tsjerke fan it doarp is boud yn de 13e iuw.

Yn 1639 wurdt der foar it earst sprutsen fan in nôtmûne yn Nes. Yn 1734 waaide dy standertmûne om en waard er ferfongen troch in achtkante mûne mei omrin, dy't yn 1891 ôfbaarnde. De nije mûne fan 1897 hat tsjinne oant 1945, de stiennen ûnderbou is sloopt ein jierren 1970. [1]

Súdwestlik fan it doarp leit de beskerme terp Wie. Neffens de Schotanuskaart leinen dêr trije stimhawwende pleatsen. Wopke Eekhoff neamt ien dêrfan Wat State.[2]

Nynke fan Hichtum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nes is it berteplak fan de berneboekeskriuwster Nynke fan Hichtum, benammen bekend fan De tsien fan Martens Afke, de earste frou fan Pieter Jelles Troelstra. Op de hoeke Haadstrjitte /De Kamp stiet sûnt novimber 1997 ta oantinken in boarstbyld fan har, makke troch Hans Jouta.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doarpsferiening Nes hat har gearkomsten yn doarpshûs De Nespel en doarpskrante hjit NesNijs. Der is in aktiviteitekommisje, in Grienkommisje en in Keatskommisje. De Tarissing wie de doarpsskoalle. Foar mear ynformaasje sjoch op de ynternetside http://www.nesdongeradeel.nl/

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nesser Amateurtoaniel
  • De Koarte Keu - biljerten
  • Gymnastykklup
  • Soli Deo Gloria (SDG) - Muzykferiening

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keunstners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de eardere iepenbiere skoalle eksposearje wikseljende keunstners harren wurk ûnder de namme Gang. Dielnimmers wienen ûnder oare:

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De tulpen yn de flagge ferwize nei de tulpen dy't earder maitiids de lannen om it doarp kleurden.
  • By Nes stienen eartiids ek pleatsen mei seehynderkes ynstee fan swannehalzen op de ûlebuorden.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Achterwei -
  • Ids de Beerstrjitte- Ids de Beer
  • De Kamp -
  • De Kop -
  • Dyksterwei -
  • Foarstrjitte -
  • Haadstrjitte -
  • Keatsbuorren - yn it ferline ek Middelbuorren en Doarpsstrjitte neamd. Yn it boek Nes in doarp yn 'e Dongeradielen fan Krine Boelens 1949-1950, en ek yn Om Nijtsjerk en Nes hinne fan J. Hartmans 1974 waard skreaun oer de keatspartijen dy't hjir spile waarden. Eartiids wie it wizânsje dat it keatsen begûn mei in jiermerke, op snein nei de mis yn de Nessumer St Johannes de Dopertsjerke. Der waard dan keatst om skiepfleis en oar iten, wêrby't ek in oantal kreammen opsteld stiene yn de Middelbuorren.
  • Meinsmawei -
  • Molebuert -
  • Molewei -
  • Nijewei -
  • Noarderwei -
  • Nykerksterwei -
  • Nynke van Hichtumstrjitte - skriuwster Nynke van Hichtum
  • Sybespaad -
  • Wierumerwei - nei it doarp Wierum
  • Wiesterwei -
  • Wâldwei -.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Keune, Molens s. 46-50. Wijnja, Windmolens, Nes
  2. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen, Nes. Steatsútjouwerij, De Haach 1983
 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
Flagge fan de gemeente Noardeast-Fryslân
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden