Springe nei ynhâld

Uleboerd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ûleboerd)
Uleboerd op in pleats yn Sleat
Uleboerd op in pleats yn Wânswert
Uleboerd op in pleats yn Surhústerfean
Uleboerd op in pleats yn Midden-Fryslân

It ûleboerd is in trijehoekich houten boerd mei in ûlegat, meast mei op it boerd in geveltopteken fan in makelder mei te wjerskanten in swannehals.

Ulebuorden binne de opfollings yn de top fan in wulfdak. De ûlebuorden binne lykwols nei alle gedachten net âlder as likernôch fiifhûndert jier, om't pleatsen foar dy tiid gjin heaskuorren hienen.

De ferklearring foar de fersierings op de geveltoptekens wurde wol socht yn in Germaanske symbolyk. De swannehalzen binne mooglik lettere tafoegings; foar likernôch 1740 binne dêr gjin ôfbyldingen fan. Yn it ferline hie in part fan de symboalen in direkte betsjutting. Oan de libbensbeam koe men bygelyks de gearstalling fan 'e húshâlding ôflêze. Ek wienen der sa't it liket ferskillen tusken de makelder fan in pleats yn eigendom en in dy op in pleats yn pacht.

Yn de earste helte fan de 20e iuw rûsde Klaas Sierksma dat der mear as trijehûndert soarten ûlebuorden binne. Geografysk wurde dy soarten yndield yn seis typen.

Dit binne guon skaaimerken fan dy typen:

  1. Westergoa - De swannehalzen hawwe in ring (dwersbalkje, faak rea).
  2. Hinnaarderadiel - De foarm fan de makelder hat wat wei fan in mantsje.
  3. Súdwesthoeke - In harpe foarmet in part fan de makelder.
  4. De Wâlden - In iepen makelder.
  5. De Bouhoeke - In smelle hege makelder.
  6. Mid-Fryslân - In boske ieren of takjes foarmet in part fan de makelder.

Ien fan de net (mear) algemiene typen is:

  1. Nes (Dongeradiel) - Mei seehynderkes yn stee fan swannehalzen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]