Klaas Sierksma

Ut Wikipedy

Klaes Sierksma (Ljouwert, 2 july 1918 - Oentsjerk, 21 maart 2007), eigentlik Klaas Sierksma, wie saakkundige op it mêd fan oerheidswapens en oerheidsflaggen, Liudger en wie stêffunksjonaris NOS (haad ôfdieling Filmsaken). Sierksma publisearre nei 1945 ek ûnder de skûlnammen Okke Haverkamp, M. Lasis en Diederik van Loo.

Sierksma studearre sosjogeografy yn Gint yn 1941-42[1]. Yn 'e besettingstiid wurke Sierksma foar it fassistyske tydskrift Hamer, en hy wurke ek op 'e radio mei oan it programma Land en Volk, dat propaganda fersprate foar de besetter. Hy waard nei de oarloch feroardiele ta njoggen moannen finzenisstraf. Hy krige ek in publikaasjeforbod, dat er omsile troch te skriuwen ûnder skûlnammen.[2]

Sierksma wie de stifter, yn 1964, en wichtichste dielhawwer fan de Stifting foar Banistyk en Heraldyk en sûnt de stifting fan de feriening yn 1966 sekretaris fan de Nederlânske Feriening foar Flaggekunde. Hy wie fan de oprjochting yn 1965 ôf bestjoerslid fan de Ynternasjonale Liga fan Feksilogen, en doe't dêrút yn 1967 de Ynternasjonale Federaasje foar Feksilogyske Assosjaasjes foarme wie, wie er lid fan de stiftingsrie, en dêrnei fan 1969 oant 1981 siktaris-generaal foar Kongressen en sekretaris fan it International Flag Standard Committee.

Yn Fryslân wie er lid fan de Flaggekommisje dy't de oarsprong fan de Fryske Flage beskriuwe moast. It flaggerapport dat hjir it risseltaat fan wie late yn 1957 ta de offisjele erkenning troch Provinsjale Steaten fan de Fryske flagge. Nei de útjefte fan it flaggerapport waard op syn foarstean troch de Fryske Akademy yn 1956 de Fryske Rie foar Heraldyk oprjochte, dêr't er de earste siktaris fan waard. Hy sette him der foar yn dat alle Fryske gemeenten in eigen flagge ynstelden, en ek gemeenten yn de rest fan Nederlân. Sa ûntstienen mear as 400 gemeenteflaggen. Op grûn fan syn stúdzjes waarden 18 gemeentewapens ferbettere, ûnder oaren dat fan Flylân.

Wurk (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nederlands Vlaggenboek (1962)
  • Vlaggenssymbool, traditie, protocol (1963)
  • Flags of the World ( 1669 - 1670 ( 1966 )
  • Nederlands Vlagprotocol ( 1972)
  • Liudger 742-809: De confrontatie tussen heidendom en christendom in de Lage Landen, Muiderberg: de Bataafsche Leeuw, 1984.
  • Tal fan artikels oer Liudger

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante, 9 augustus 1975 'op in beurs fan ûnder oaren Ahnenerbe'
  2. Johan Frieswijk, 'Over boerenhuizen, ûleboerden en kippentrappetjes. Volkskundige activiteiten in Friesland in de periode 1918-1945', in: Volkskundig Bulletin 25 (1999), s. 1-38, hjir s. 38.