Fryske Wâlden

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Wâlden")
Gean nei: navigaasje, sykje
Houtwâl yn de Wâlden

De Fryske Wâlden (meast koartwei De Wâlden neamd) is in streek yn it easten fan Fryslân mei in eigen karakter dat net foarme is troch see of troch lânwinst op de see. Ta De Wâlden wurde ornaris de gebieten fan de gemeenten Kollumerlân, Dantumadiel, it grutste part fan Tytsjerksteradiel (súdlik fan de Wâldwei), Achtkarspelen, Opsterlân, Smellingerlân en it noardlik part fan Eaststellingwerf rekkene. Ek in grut part fan de Grinslanner gemeente Gruttegast heart lânskiplik, etnografysk, kultureel en taalkundich ta de Fryske Wâlden.

De Wâlden binne it gebiet fan ien fan de grutte Fryske dialekten: it Wâldfrysk. Ek fierders binne der kulturele ferskillen mei de oare parten fan Fryslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frysk readbûnte kij yn de Wâlden

De earste delsettings yn de noardlike wâlden stamje fan foar 1200, dy kriten wienen tinbefolke. Yn de Midsiuwen waard ûnder lieding fan de kleasters begûn mei it stekken fan turf foar brânstof wêrby't allinnich de leechfeangebieten ôfgroeven waarden. Troch de kleasters waard ek in soad woaste grûn yn kultuer brocht.

Nei de skieding mei Spanje kamen de Hollânske steden ta bloei en nei 1580 naam de fraach nei turf hiel bot ta, dêr't in protte jild mei fertsjinne waard. Fral de aadlike famyljes hawwe hjirby in wichtige rol spile.

De heidefjilden wienen skrale sângrûnen. Mei de komst fan keunstdong om-ende-by 1900 waarden dy ynienen wol ynteressant. Yn inkele desinnia waard it meastepart fan de heidefjilden yn kultuer brocht.

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gebiet leit meast heger as it noarden en westen fan de provinsje, en bestiet út sân- en feangrûn. De Fryske wâlden lizze oan de noardwestside fan it Drintsk Plato en troch beken en rivierkes binne brede beekdellings ûntstien, fan inoar skieden troch sânrêgen. De streek hat har namme te tankjen oan de protte bosken en houtwâlen, mar tsjintwurdich wol dat net sizze dat "wâld" in boskgebiet is, it is mear in gebiet mei leech hout. De houtwâlen om de greiden en ekers soargje foar it karakteristike lytsskalige kûlisselânskip. Fierders falle de lytse pleatskes op. De foar Fryslân sa typyske terpebou ûntbrekt yn'e wâlden.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De befolking fan De Wâlden hat in mear mingd karakter as dy fan de Fryske kuststreken. De grutte en min tagonklike heidefjilden hawwe iuwenlang ûnderdak bean oan ferskate groepen migranten, dêrûnder Westfalen, Saksen, joaden en sigeuners. Neffens guon docht it temperamint yn'e Wâlden wat 'súdlik' oan.

Kultureel en taalkundich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske Wâlden is in streek mei in lytsskalige lânbou-tradysje. Typysk wiene de gerniers, keuterboerkes dy't benammen yn it eigen ûnderhâld foarseagen. De streek stie en stiet bekend om syn hannelskarakter. De taal dy't dêr sprutsen wurdt, it Wâldfrysk wykt op ferskate punten ôf fan it Frysk fan de Klaaistreek en de Súdwesthoeke.

Bewenners fan de Wâlden wurde wol 'wâldpiken', 'wâldsjers' of 'heidepiken' neamd. De befolking fan de eardere heidestreken hat by guon noch de namme dat se koart foar de kop binne en gau mei it knyft klear stiet. In soad heidsjers hiene oant foar koart as liifspreuk "Myn Herder is myn redder". Dêrmei net referearjend oan ús Leavenhear mar oan in bûsmes fan it merk Herder dat sa'n bytsje ta harren standertútrissing skynde te hearren.

Yn guon dingen binne ek westliker parten fan Sânwâlden besibbe mei de Wâlden, en wurde dêr ek ta rekkene.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]