Springe nei ynhâld

Gernier

Ut Wikipedy

In gernier is yn it Frysk ien fan twa dingen. Yn it foarste plak is it in (histoaryske) oantsjutting foar immen mei lytsskalich lânboubedriuw, wêrby't de klam leit op it ferbouwen fan gewaaksen, al is it net útsletten dat sokke persoanen ek oan marginale feehâlderij dogge, bgl. troch it hâlden fan ien ko of in pear geiten. (De ekwifalinte term foar in lytsskalich boer mei de klam op 'e feehâlderij is komelker.) Dêrnjonken kin gernier ek brûkt wurde as algemiene term foar immen dy't in túnboubedriuw hat (dus synonym mei túnker). Yn 'e praktyk sil lykwols hast altyd de earste betsjutting bedoeld wêze. Dêrby wurdt mei de term "gernier" frijwol altyd ferwiisd nei immen út it ferline; foar tsjintwurdige persoanen is dit wurd yn ûnbrûk rekke.

Besibbe wurden binne gernierker, dat synonym is mei gernier; it tiidwurd gernierkje, dat ferwiist nei it hawwen fan in lytsskalich lânboubedriuw mei de klam op it ferbouwen fan gewaaksen, of nei it hawwen fan in túnboubedriuw; gernierkerij of gerniersbedriuw dêr't in lytsskalich lânboubedriuw mei de klam op it ferbouwen fan gewaaksen of in túnboubedriuw mei oantsjutten wurdt; en gernierske, dat ferwiist nei in froulike gernier, of (faker) nei de frou fan in gernier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, (red.), Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy/Afûk), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 595.