Komelker

Ut Wikipedy
Hynder en meanmasine yn de pream by Terkaple, letter in skou mei oanhingmotor der foar.

In komelker is in boer dy't in pear kij foar de molke hâldt. Yn de 18e iuw wurde al komelkers neamd, mar begjin 20e iuw wienen der in soad komelkers. Guon melkten ek wol foar oaren. Bytiden fuorren se it fee op 'e stâl. Meastentiids hienen se gjin eigen lân, mar pachten dat. It fretten moast dan gauris mei in boat nei de stâl brocht wurde. Dêrfoar waard faak in saneamde bok brûkt. In bok hat wol wat fan in pream mar hat in skerpere stjûne en wie fan hout. Letter kamen der ek izeren bokken. Inkeld koe der syld wurde om kij, gers of hea thús te krijen, mar meastentiids moast der boomke wurde. Meand gers waard mei stokken yn de pream of bok skood. Soks wie in bealch fol wurk. Op hûs oan rûn de boer njonken it skip mei de boom op de wâl en moast sa de boat rjocht farre litte. Dat wurdt preamkeskowen neamd. In preamkeskower dy't de boat tsjin de wâl stjitte liet rûn it risiko dat de lading skowen gie.

Doe't de molkfabriken opkamen, seagen in soad arbeiders in kâns om boer te wurden. Dan hoegde der ommers net sels tsjerne, of tsiis makke te wurden. In gat foar de stront, in heaberch en in stâl wiene it begjin. Dochs wie it in striid en bealgjen om troch de tiid te kommen. Omdat komelkers gjin eigen lân hienen, moast der lân pachte wurde. Eigeners wienen meast rike lju, dy't it lân faak ferhierden oan de heechste ynskriuwer. Winterdeis, as it lân faak ûnder wetter stie, wienen der net folle ynkomsten. Dochs moast de pacht foar de beteldatum fan 12 novimber betelle wurde. As soks net slagge wie it dien mei de komelkerij en waard de earmoede faak noch folle grutter.

As earbetoan oan de pream en de soad komelkers dy't eartiids yn en om Terherne wennen hat de VVV fan Terherne in pream foar selskippen yn gebrûk mei de namme "Komelker".

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]