Springe nei ynhâld

Harke Bremer

Ut Wikipedy

Harke Bremer (Nes, 30 septimber 1955Kampen, 12 jannewaris 2023) wie in Frysk skriuwer en oersetter.

Bremer wie hikke en tein yn Nes (D.). Hy studearre klassike talen oan de Ryksuniversiteit Grins en waard learaar Gryksk, Latyn en KCV oan it Gymnasium Celeanum yn Swol. Foar syn fakgebiet wied er (mei-)skriuwer fan ferskate learboeken, wêrûnder it eineksamenboek Latyn 2007/2008.

Fierders wied er tige warber as oersetter. Sûnt ein jierren santich fertaalde er in soad tegearre mei Jarich Hoekstra. De beide setten ferhalen oer fan Kapitein Rob en Asterix. Ek ferfrysken se de Bommel-ferhalen fan Marten Toonder. Dêrfoar krigen se op 17 septimber 1996 de Obe Postmapriis, in literatuerpriis foar Fryske oersetters.

Fierders skreau Bremer tegearre mei Hoekstra syn eigen proaza. Harren debút dêryn wie yn 1995 mei it boek Hâld Faasje!. Dat is in kolderyk ferhaal oer in learaar maatskippijlear en biology dat karakterisearre waard as in ‘stripferhaal sûnder plaatsjes’. Yn 2009 folge by Utjouwerij Bornmeer harren twadde boek: De Frouwepenje. It boek is in fernimstige histoaryske detektive dy’t spilet yn East-Fryslân ûnder it ding fan de Upstalbeam yn 1323. It yn 2013 publisearre Leffert is epysk gedicht yn 'e tradysje fan 'e Odyssee en Beowulf. En yn novimber 2022 ferskynde fan Bremer en Hoekstra It Smelle Ungelok, in bondel fan 25 balladen oer lytse ûngelokjes dy't in minske yn it deistich libben oerkomme kin.

Bremer kaam op 12 jannewaris 2023 yn syn wenplak Kampen te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 67 jier.[1]

Bibliografy (mei Jarich Hoekstra)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
proaza
poëzij
  • 2013 - Leffert: In Heldedicht yn Tolve Sangen
  • 2022 - It Lytse Ungelok
oersettings fan stripboeken
  • 1978 - Un Ferhaal fon Asterix de Goljer, nei René Goscinny en Albert Uderzo (yn de stavering neffens it saneamde "Utstel I")
  • 1978 - In Ferhaal fan Asterix de Galjer, nei René Goscinny en Albert Uderzo
  • 1980 - De Gouden Sichte, nei René Goscinny en Albert Uderzo
  • 1981 - De Grutte Kleau, nei René Goscinny en Albert Uderzo
  • 1981 - De Goaten, nei René Goscinny en Albert Uderzo
  • 1994 - De Oare Wrald, nei Marten Toonder
  • 1994 - It Kwea-each, nei Marten Toonder
  • 1995 - De Boppebazen, nei Marten Toonder
  • 1995 - De Aventoeren fan it Sylskip "De Vrijheid": De Aventuren fan Kapitein Rob, diel 1, nei Pieter Kuhn
  • 1996 - It Kukel, nei Marten Toonder
  • 1996 - De Utfalsels, nei Marten Toonder
  • 1996 - It Geheim fan 'e Boskplaat: De Aventoeren fan Kapitein Rob, diel 6, nei Pieter Kuhn
  • 1997 - It Fleurige Utkyk, nei Marten Toonder
  • 1997 - It Foarlân, nei Marten Toonder
  • 1997 - De Speurtocht fan 'e "Vrijheid", nei Pieter Kuhn
  • 1997 - De thúsreis fan 'e "Vrijheid", nei Pieter Kuhn
  • 1998 - De Witmûtse, nei Marten Toonder
  • 1998 - Aventoer op Pampus: De Aventoeren fan Kapitein Rob, diel 36, nei Pieter Kuhn
  • 2000 - Uniek, Hm... Unyk, nei Marten Toonder
  • 2000 - De Unistan, nei Maarten Toonder
  • 2001 - De Einichste Ein, nei Marten Toonder
  • 2007 - Tom Poes en it Spoek fan Bommel State, nei Marten Toonder
literêre oersettings
  • 1996: Obe Postmapriis foar de oersettingen It kwea-each en De boppebazen út it Nederlânsk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vries, Sietse de, Oersetter en skriuwer Harke Bremer ferstoarn, yn: de Ljouwerter Krante, 18 jannewaris 2023, s. 28.