Springe nei ynhâld

Odyssee

Ut Wikipedy
Odyssee
De Fryske oersetting, yn 2004 útjûn troch Steven Sterk, Utjouwer (no Utjouwerij Bornmeer).
De Fryske oersetting, yn 2004 útjûn troch
Steven Sterk, Utjouwer (no Utjouwerij Bornmeer).
algemiene gegevens
oarspr. titel Ὀδύσσεια
auteur Homêros
taal Aldgryksk
foarm poëzij
sjenre epos
skreaun ±850 f.Kr.
oersetting nei it Frysk
Fryske titel de Odusseia
publikaasje 2004, Utert
útjouwer Steven Sterk, Utjouwer
oersetter Klaas Bruinsma
prizen oers. dr. Obe Postmapriis 2005
ISBN oers. 9 07 37 89 087

De Odyssee, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ὀδύσσεια, Odysseia (of Odusseia), is in ier Gryksk epos dat taskreaun wurdt oan 'e grutte (en neffens de tradysje bline) skriuwer en dichter Homêros (of Homearus), dy't om 850 f.Kr. hinne libbe hawwe moat. It kin min ofte mear beskôge wurde as in ferfolch op it oare grutte dichtwurk fan Homêros, de Ilias. Saakkundigen binne it der lykwols oer iens dat de Odyssee en oare, soartgelikense wurken wierskynlik earst lange tiid mûnling oerlevere en pas letter skriftlik fêstlein binne. Dat soe dus betsjutte dat Homêros inkeld in al besteand wurk op skrift steld hat. De Odyssee bestiet út 12.110 yn daktylyske heksameters fêstleine dichtregels, dy't skreaun binne yn it saneamde Homearysk Gryksk, in literêre griemmank fan doetiidske Grykske dialekten.

It epos fertelt it ferhaal fan 'e omdoarmings fan Odysseus, de Grykske kening fan Itaka (yn Romeinske myten Ulysses neamd), dy't nei de ôfrin fan 'e Trojaanske Oarloch nei hûs reizget, mar doemd is om tsien jier lang op see om te swalkjen mei't er de seegod Poseidon tsjin him yn 't harnas jage hat. De titel is ûntliend oan 'e namme fan 'e haadpersoan. Mei de Ilias heart de Odyssee ta de âldste oerlevere wurken fan 'e Westerske literatuer en hat it in grutte ynfloed útoefene op 'e Westerske kultuer; de Odyssee is ek op withoefolle manear adaptearre ta oare media, en it wurd "odyssee" is yn in grut tal Westerske talen, wêrûnder it Frysk, in epyske en suver einleaze reis kommen te betsjutten. Yn 2004 kaam der fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma in Fryske fertaling fan 'e Odyssee út.

Der wurdt gauris twifele oft de Odyssee wol fan deselde skriuwer is as de Ilias. De Odyssee hat nammentlik guon histoaryske en taalkundige ferskynsels dy't derop lykje te wizen dat it wurk in heale iuw jonger is dan de Ilias. Beide epossen hawwe troch iuwen fan mûnlinge oerlevering wizigings ûndergien en binne sadwaande it wurk fan generaasjes fan dichters dy't it ferhaal oaninoar oerdroegen. Ynhoefier't de ferzjes fan 'e Ilias en de Odyssee dy't wy hjoed de dei kenne beide troch ien dichter mei de namme Homêros skreaun binne, is dreech mei wissichheid te sizzen. Yn alle gefallen binne beide wurken him yn 'e Aldheid taskreaun.

De Odyssee is nei alle gedachten op skrift steld oan 'e ein fan 'e achtste iuw f.Kr., earne yn Ioanje, de Grykske krite oan 'e westkust fan Lyts-Aazje. De taal dy't dêrfoar brûkt waard is in literêre griemmank fan it Aldgryksk, wêryn't Ioanysk Gryksk, Eoalysk Gryksk en oare doetiidske dialekten trochinoar mjukse wurde. De 12.110 fersregels yn daktylyske heksameters, dêr't de Odyssee út opboud is, binne opdield yn 24 boeken of sangen, dy't nûmere binne mei lytse Grykske letters α (alfa) oant ω (omega). Under de meast yn it each springende eleminten fan it epos binne de non-lineêre plot, en de ynfloed op 'e foarfallen fan it ferhaal, net inkeld troch de dieden fan krigele fjochters, mar ek troch froulju en slaven. De ferneamde begjinregels fan it epos binne sa:

Ἄνδρα μοι ἔννεπε, Μοῦσα, πολύτροπον, ὃς μάλα πολλὰ
πλάγχθη, ἐπεὶ Τροίης ἱερὸν πτολίεθρον ἔπερσε.
Muze, o neam my de slûchslimme man, dy't faken en folle
omswalke nei't er de machtige fêsting fan Troaje ferwoeste.

De Odyssee hie oarspronklik noch in ferfolch, de Telegony, in epos dat net fan 'e hân fan Homêros wie, mar yn 'e Aldheid almeast taskreaun waard oan Kinaithon fan Sparta. De Telegony is lykwols ferlern gien, en wy witte inkeld út oare boarnen dat it bestien hawwe moat.

De Odyssee behannelet de lêste 41 dagen fan 'e jierrenlange omdoarmings fan Odysseus, de kening fan it Grykske eilân Itaka. Tsien jier nei de ôfrin fan 'e Trojaanske Oarloch is it dy krigele held noch altyd net slagge om syn thús te berikken. De oarsaak dêrfan is dat er him de hate fan 'e seegod Poseidon op 'e hals helle hat, dy't syn skip dêrom almar wer fan 'e koerts reitsje lit en him en syn maten yn nuodlike aventoeren stoart. De iennichste reden dat Odysseus nei tsien jier noch libbet, is dat er nea de stipe fan 'e goadinne Atene ferlern hat; hja stelt alles yn it wurk om him in beholden thúskomst te besoargjen. Thús, op Itaka, is Odysseus syn soan Telemachus ûnderwilens folwoeksen wurden. Hy dielt syn heite hûs mei syn mem Penelope en in kliber fan 108 bolbjirkene jongfeinten, de saneamde "Frijers", dy't besykje Penelope safier te krijen dat se ien fan harren ta man nimt yn it stee fan 'e deawaande Odysseus, wylst se yn 'e tuskentiid op 'e gastfrijens fan 'e húshâlding fan Odysseus tarre en syn rykdom opite.

It epos iepenet in medias res (d.w.s. middenyn 'e ferwikkelings), as Atene yn in opienfolging fan momkapen de jonge Telemachus oantrunet om ôf te setten fan Itaka om nijs oer syn heit te sykjen. Nei in reis oer see en oer lân komt Telemachus oan yn Sparta, dêr't er fernimt dat Odysseus finzen holden wurdt troch de seenimf Kalypso. Dan ferspringt it perspektyf nei Odysseus ta. Hy wurdt al sân jier finzen holden op Kalypso har eilân, mei't de seenimf smoarfereale op him wurden is. Lykwols, hy hat nea tajûn oan har besykjen om syn leafde te winnen. No stjoert de oergod Seus op ynskunen fan Atene de god Hermes, de boadskipper fan 'e goaden (en Odysseus syn oerpake), dy't Kalypso bepraat om Odysseus gean te litten. Dan bout Odysseus in flot en ûntsnapt er einlings en te'n lêsten fan it eilân, mar al rillegau ûntdekt Poseidon wat der geande is, en hy tebrizelet it flot. Odysseus spielt oan op it eilân fan 'e Faiaken. Dêr wurdt er fûn troch it fanke Nausikaä, dat him foar har heit Alkinoes, de kening fan 'e Faiaken bringt. Hy wurdt yn 't earstoan net nei syn namme frege, en bringt ferskate dagen mank de eilanners troch. Dan heart er de bline bard Demodokus sjongen en freget Odysseus him om it liet fan 'e mûklist mei it Hynder fan Troaje foar te dragen, in mûklist dy't er sels optocht hie. As er de bard dêroer sjongen heart, kriget er it te krap en fertelt er wa't er is en wat him sûnt syn ôfreis út Troaje oerkommen is.

Odysseus Kriget it te Krap troch Demodokus syn Liet, troch Francesco Hayez, út 1813-1815.

Nei't se in ynfal yn it lân fan 'e Kikoanen dien hiene, rekken hy en syn tolve skippen alhiel harren koerts kwyt yn in opienfolging fan stoarmen. Nei in besyk oan it eilân fan 'e Loatusiters (of Lotofagen), waarden se op in oar eilân finzen nommen troch de sykloop Polyfemus, dy't úteinsette mei it by de tiid lâns opiten fan Odysseus syn mannen. Uteinlik ûntkamen se oan him nei't Odysseus him syn iene each útstutsen hie, mar ear't er ôfsette, fertelde er de sykloop ûnnoazeldernôch syn namme. Polyfemus rôp dêrop syn heit oan, de seegod Podeidon, dy't Odysseus út wraak ta syn tsienjierrige swalkerstocht ferflokte. Neitiid brochten Odysseus-en-dy in hoart troch by Eoalus, de broer fan Poseidon en de god fan 'e winen. Dyselde joech Odysseus in sek dêr't alle winen útsein de westewyn yn sieten. Dêr soene se, nettsjinsteande Poseidon syn wjerstân, wer mei thúskomme moatten hawwe, mar krekt doe't Itaka yn sicht wie, iepenen de gjirrige seelju de sek wylst Odysseus eefkes mei it fel oer de eagen lei, mei't se mienden dat der goud yn siet. It resultaat wie in stoarm dy't harren wer weromblies nei wêr't se weikommen wiene.

Nei't Eoalus wegere hie harren nochris te helpen, waarden de alve oare skippen yn 'e haven fan it eilân fan 'e kannibalistyske Laistrygoanen ferneatige. Odysseus sylde mei syn iennichst oerbleaune skip fuort en besocht in oar eilân, dêr't de heksegoadinne Kirke tahold. Dy feroare de helte fan syn mannen yn ferwyldere bargen, dêr't de oare helte jacht op makke. Troch yngripen fan Hermes ûntkaam Odysseus sels oan dat lot. Yn ruil foar syn leafde stimde Kirke dermei yn om syn mannen werom te feroarjen, wêrnei't se in jier op har eilân taholden om te bekommen fan alle tsjinrampen. Doe't se úteinlik wer ôfsetten, wisten se mei de ynstruksjes fan Kirke de westlike râne fan 'e wrâld te berikken, dêr't Odysseus offers brocht oan 'e deaden en mei in grut tal geasten kommunisearre, wêrûnder dy fan syn eigen mem (dy't him fertelde fan 'e Frijers dy't syn frou Penelope hieltyd fierder ûnder druk setten), en fierders dy fan Agamemnon en Achilles.

Nei't se behâlden op it eilân fan Kirke weromkeard wiene, joech dy harren rie oangeande harren fierdere reis. Sa sylden hja foarby it eilân fan 'e sirenen (dy't seelju lokken mei harren prachtige sang en sa harren skippen op 'e rotsen rinne en sinke lieten). Dêrby hiene alle opfarrenden de earen tichtstoppe mei bijewaaks, útsein Odysseus, dy't it gesang hearre woe en him oan 'e mêst fêstbine litten hie. Dêrnei fearen se tusken it seiskoppige meunster Skylla en de draaistream Charybdis troch, wêrby't se seis man ferlearen. Se kamen oan op it eilân Thrinakia, dêr't se fêst kamen te sitten om't Seus in stoarm opkomme liet. Wylst Odysseus der eefkes net by wie, makken syn mannen jacht op 'e hillige kij fan 'e sinnegod Helios, om't harren iten oprekke wie. Helios easke dêrop fan Seus dat dy harren straffe soe foar har hillichskeining. Dat, doe't se einlings ôfset wiene fan Thrinakia, waarden se weromblazen dat út nei Charybdis ta en litten se skipbrek. Allinnich Odysseus sels oerlibbe it; hy spielde oan op it eilân fan Kalypso, dêr't er sân jier lang finzen holden waard.

De Faiaken, dy't djip ûnder de yndruk binne fan Odysseus syn ferhaal, en dy't boppedat betûfte seelju binne, bringe Odysseus thús. Op Itaka oankommen, wurdt er fan stal feroare troch de goadinne Atene, sadat er earst ris sjen kin hoe't it lân derhinne leit. Mei it uterlik fan in bidler bejout er him nei it hûs fan 'e bargehoeder Eumaius, dy't er útkloarket oangeande de sitewaasje op it eilân. Underwilens sylt syn soan Telemachus út Sparta wei wer nei hûs, wêrby't er in mûklaach fan 'e Frijers ûntwykt. Ek hy komt by Eumaius thús, en dan fertelt Odysseus syn soan wa't er is. Los faninoar geane se dan nei it hûs fan 'e kening, dêr't Odysseus as bidler bespot wurdt troch de Frijers. Lykwols hâldt er fêst oan syn momkape, om't er earst de trou fan Penelope op 'e proef stelle wol. Dy trochstiet de test mei glâns, en de oare deis lit se, dêrta oantrune troch Atene, de Frijers in wedstryd bôgesjitten hâlde mei as priis dat de winner mei har trouwe mei. Odysseus docht ek mei en wint de wedstryd. Dan deadet er, holpen troch Telemachus en Eumaius, alle Frijers, om dêrnei al dyjingen fan it tsjinstfolk op te hingjen dy't it mei de Frijers holden hawwe. Pas as dat allegear syn beslach krigen hat, fertelt er oan Penelope wa't er is. Sy hat dêr earst sa har twifels oer, mar hy wit har te oertsjûgjen, en sa wurde man en frou nei tweintich jier mei-inoar weriene. (De measte saakkundigen beskôgje dit as de oarspronklike ein fan 'e Odyssee en de rest as in lettere tafoeging.)

In Romeinsk mozayk: in ôfbylding fan Odysseus en syn maten.

De deis dêrop geane Odysseus en Telemachus op besite by Odysseus syn âlde heit Laertes, dy't er ek mar mei muoite fan syn identiteit oertsjûgje kin. De bewenners fan Itaka binne Odysseus dêrhinne folge, en nimme him no nei dat er twa generaasjes manlju fan it eilân de dea dien hat: de bemanning fan syn tolve skippen, dy't him folge wie nei Troaje en op 'e weromweis omkommen is, en no de Frijers, dy't er eigenhandich út 'e ljochten holpen hat. De goadinne Atene komt dan as in deus ex machina fanwegen en bepraat beide partijen om 'e bloedwraak op te jaan. Dêrmei hearsket der wer frede op Itaka.

De almar oanduorjende aventoeren yn 'e Odyssee ferwize faaks nei in djippere, ûnderlizzende gedachte en/of moraal. It haadmotyf is grif de syktocht fan Odysseus nei himsels, en Penelope is dêrby de ferpersoanliking fan syn eardere gelok en noflikens. De ekspedysje nei Troaje betsjut foar Odysseus in fierdere mentale groei fan himsels yn in wrâld fan macht, geweld en eigenbelang. Mei de ynname fan Troaje is syn grutste doel berikt, mar likegoed ûntstiet dêrtroch in krisis: it weromfallen op jinsels, en it ûntdekken fan leechte en ôfstân. Under de drege weromreis wurdt Odysseus stadichoan lottere fan alle uterlike, benammen materiële binings, lykas rykdom, macht, freonen, ensfh. Alle nei bûten ta rjochte gefoelens, lykas eangst en langstme, ferdwinen stadich en meitsje plak foar de rêstige wiisheid fan 'e "thúskomst" yn jinsels.

De Odyssee is ien fan 'e âldste ferhalen fan 'e Westerske kultuer en hat troch de iuwen hinne in ûnbidige ynfloed útoefene op 'e Westerske literatuer, te begjinnen yn 'e Aldheid, doe't de Romeinske dichter Fergilius (mooglik yn oerlis mei de histoarikus Titus Livius) de Aeneïs skreau, in Latynsk epos dat foar in part troch de Odyssee ynspireare is en dat ferhellet oer de omdoarmings, nei de fal fan Troaje, fan 'e Trojaanse held Aeneäs (dy't neffens ien leginde de stêd Rome stifte hawwe soe). Ek letter liet de Odyssee syn ynfloed jilde. Sa binne in protte aventoeren fan it bekende personaazje Sinbad de Seeman, út it Arabyske Boek fan Tûzen en Ien Nacht, frijwol letterlik oernommen út 'e Odyssee. Yn 'e njoggentjinde iuw skreau de Ierske skriuwer James Joyce syn masterwurk Ulysses, oer in dei út it libben fan Leopold Bloom en Stephen Dedalus. Alle haadstikken dêrfan korrespondearje mei in haadstik út 'e Odyssee.

Yn 'e moderne tiid is de Odyssee boppedat adaptearre ta withoefolle oare media, lykas (moderne) poëzij, satires, byldferhalen, strips, toanielstikken, musikals, animes en films. Ut 'e lêste jierren datearret bgl. de Hollywood-spylfilm O Brother, Where Art Thou? (2000), fan 'e bruorren Joel en Ethan Coen, dy't op 'e Odyssee basearre is, mei George Clooney yn 'e haadrol. Dy film fertelt it ferhaal fan trije ûntsnapte finzenen, dy't op harren wei nei de frijheid aventoeren belibje dy't ferwize nei de eksploaten fan Odysseus.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste Fryske fertaling út 'e Odyssee wie wierskynlik fan 'e hân fan Haring Tjittes Piebenga (1907-1981), dy't ien sang oersette en publisearre yn it Frysk Studinte Almenak fan 1933. Ek dr. Willem Kok (1903-1969) sette in sang oer, de achttjinde, dy't er yn 1946 ôfprintsje liet yn it tydskrift De Tsjerne. Kok syn âld-learling Klaas Bruinsma pielde al fan 'e jierren fyftich ôf út en troch mei Homêros syn wurk om; tusken 1954 en 1960 publisearre er seis kear in fertaling fan eigen hân fan in fragmint út 'e Odyssee yn it Frysk Studinte Almenak, ûnder it pseudonym Euriteles. Yn 'e njoggentiger jierren, doe't er mei pinsjoen gien wie, besleat er lykwols om dien wurk te meitsjen. Sa ferskynde yn 2004 fan syn hân de earste folsleine Fryske oersetting fan sawol de Ilias as de Odysee (dy't Bruinsma stiiffêst nei it Gryksk Odusseia neamt), by Steven Sterk, útjouwer, te Utert. Under mear foar dizze fertaling waard oan Bruinsma yn 2005 foar de twadde kear de dr. Obe Postmapriis takend.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Homêros, Odyssee (in sang; oers. H.T. Piebenga), yn: it Frysk Studinte Almenak, 1933.
  • Homêros, Odyssee (XVIIIde sang; oers. dr. W. Kok), yn: De Tsjerne, nû. ?, 1946.
  • Homêros, Odusseia (in sang; oers. K. Bruinsma), yn: it Frysk Studinte Almenak, 1954, s. 86.
  • Homêros, Odusseia (in sang; oers. K. Bruinsma), yn: it Frysk Studinte Almenak, 1955, s. 72.
  • Homêros, Odusseia (in sang; oers. K. Bruinsma), yn: it Frysk Studinte Almenak, 1956, s. 82.
  • Homêros, Odusseia (in sang; oers. K. Bruinsma), yn: it Frysk Studinte Almenak, 1957, s. 78.
  • Homêros, Odusseia (in sang; oers. K. Bruinsma), yn: it Frysk Studinte Almenak, 1958, s. 52.
  • Homêros, Odusseia (in sang; oers. K. Bruinsma), yn: it Frysk Studinte Almenak, 1960, s. 105.
  • Homêros, Odusseia (oers. K. Bruinsma), Utert, 2004 (Steven Sterk, Utjouwer), ISBN 9 07 37 89 087.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.