Haring Tjittes Piebenga
Haring Tjittes Piebenga | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 5 novimber 1907 | |
berteplak | Frjentsjer (Fryslân) | |
stoarn | 1981 | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | antropolooch | |
aktyf as | oersetter, Frysk beweger | |
jierren aktyf | 1933 – 1981 | |
reden bekendheid |
● oersettings nei it Frysk ● kontroversjeel oarlochsferline | |
bekendste wurk(en) |
Fjouwer Kwartetten Oppe Braekswâllen De Reis fan 'e Skôgers |
Haring Tjittes Piebenga (Frjentsjer, 5 novimber 1907 - 1981) wie in Frysk antropolooch, oersetter, publisist en Frysk beweger.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Haring Piebenga waard grutbrocht yn in grifformearde
húshâlding. Beynfloede fan Douwe Kalma waard er al mei 15 jier lid fan de feriening 'De Upstalbeam' en letter fan de CDU.
Piebenga studearre yn de jierren tritich fan 'e tweintichste iuw by Herman Wirth en biology en antropology yn Berlyn dêr’t er yn 1941 promovearre op in antropologyske stúdzje oer de befolking fan Urk. Yn 1930 wie er de oprjochter fan it Fryske Studinte Selskip Redbad yn Utert. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch sleat er him oan by de SS en febrewaris 1942 waard er beneamd ta haad fan 'e Boerenschool (yn it hûs Moai Gaasterlân)[1] yn Riis, in soarte fan folkshegeskoalle op nasjonaal-sosjalistyske grûnslach. Fuort nei de befrijing waard er ynternearre yn Kamp Sondel, en letter yn Westerbork.[2]
Oersetter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Piebenga hat û.m. in Homêros-fragmint út 'e Odyssee en wurken fan 'e dichters T.S. Eliot en Ezra Pound nei it Frysk ta oerbrocht. Fierders publisearre er ek stikken oer de Fryske taal en oanbesibbe eigenskippen. Yn in fraachpetear mei Abe de Vries sei kollega-oersetter Klaas Bruinsma yn 2004 oer him: "En yn ’e tritiger jierren hat Haring Tjittes Piebenga, de ferneamde en ek beruchte, ien sang fan Homearus oerset, publisearre yn ’t Frysk Studinte Almanak. Hy hat ek The Waste Land fan T.S. Eliot oerset. Dat hat er mas-ter-lik dien, werklik treflik. Mar syn Homearus-oersetting is net al te bêst. Dy wie noch lang net ryp." [3]
Oersettings (ûnfolsleine opsomming)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1933: in sang (fragmint út 'e Odyssee) – nei Homêros (publ. yn it Frysk Studinte Almenak)
- 1964: Lit Us No Priizgje de Prymgetallen (Let Us Now Praise Prime Numbers) – nei Helen Spalding (gedicht)
- 1964: Sonnet 66 (Sonnet 66) – nei William Shakespeare (sonnet)
- 1964: Stien yn Stream (oarspronklike titel?) – nei T.S. Eliot (gedicht)
- 1964: Trije Prologen en in Epilooch (Three Prologues and an Epilogue) – nei John Dos Passos (gedicht)
- 1965: Gerontion (Gerontion) – nei T.S. Eliot (gedicht)
- 1966: Fjouwer Kwartetten (Four Quartets) – nei T.S. Eliot (dichtwurk)
- 1967: Stienbrek, De Die, De Wurden en Folsleine Ferneatiging – nei William Carlos Williams (gedichten)
- 1971: Oppe Braekswâllen (The Waste Land) – nei T.S. Eliot (dichtwurk)
- 1972: Canto XLIX fan Ezra Pound (in diel fan The Cantos) – nei Ezra Pound (gedicht)
- 1976: De Reis fan 'e Skôgers (The Journey of the Magi) – nei T.S. Eliot (gedicht)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Boarnen
|