Gerontion

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Gerontion
oarspr. titel Gerontion
auteur T.S. Eliot
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre gedicht
1e publikaasje 1920, New York
oarspr. útjwr. Alfred A. Knopf, Inc.
bondel Poems
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Gerontion
publikaasje 1965, yn Asyl
1979, Ljouwert
útjouwer Friese Pers Boekerij
oersetter Haring Tjittes Piebenga

Gerontion, mei deselde titel yn it oarspronklike Ingelsk, is in gedicht fan 'e hân fan 'e Amerikaansk-Britske dichter, toanielskriuwer, essayist, útjouwer en Nobelpriiswinner T.S. Eliot (1888-1965). It jout Jeropa nei de Earste Wrâldoarloch wer neffens de mienings en yndrukken fan in âldman (in "geront"), dy't it grutste part fan syn libben yn 'e njoggentjinde iuw libbe hat. Eliot skreau it gedicht oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch, en liet it yn 1919 redigearje troch syn freon, de Amerikaanske dichter Ezra Pound. Hy wie earst fan doel om Gerontion as in prolooch oan syn bekendere dichtwurk The Waste Land ta te foegjen, mar Pound rette him dat sterk ôf, en sadwaande bleau it in selsstannich gedicht. Gerontion waard foar it earst publisearre yn 1920, yn 'e bondel Poems. Yn 1965 ferskynde de Fryske oersetting fan Gerontion fan 'e hân fan Haring Tjittes Piebenga.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gerontion hat de foarm fan in dramatyske monolooch fan in âldere man, dy't werjûn is yn it ik-perspektyf. Resinsinten hawwe gauris oannommen dat de âldman in âldere ferzje is fan Prufrock, de haadpersoan yn Eliot syn eardere gedicht The Love Song of J. Alfred Prufrock. It gedicht jout ek in selde soarte seksuële frustraasje wer as Prufrock, mar diskear hat dy betrekking op it lichem fan in âldman. Gerontion bestiet út seis kûpletten fan frij fers, wêryn't de relaasje tusken de ferteller en de wrâld om him hinne beskreaun wurdt, einigjend mei:

Tenants of the house ("Hierders fan it hûs")
Thoughts of a dry brain in a dry season ("Tinzen fan in drûch ferstân yn in drûge jiertiid")

Dêrmei wurdt de monolooch dus beskreaun as fuortkommend út it "drûge ferstân" fan 'e ferteller, yn 'e "drûge jiertiid" fan syn âlderdom. Party resinsinten is fan tinken dat de "hierders fan it hûs" de stimmen binne dy't Eliot as fertellers brûkte yn syn gedicht The Waste Land.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gerontion waard ûnder deselde titel yn it Frysk oerset troch Haring Tjittes Piebenga, dy't dy fertaling yn 1965 publisearre yn it maartnûmer fan it tydskrift Asyl. Yn 1979 brocht Piebenga Gerontion, yn 'e mande mei twa oare dichtwurken fan Eliot, Oppe Braekswâllen (The Waste Land) en Fjouwer Kwartetten (Four Quartets), út yn in boekje fan 68 siden by de Friese Pers Boekerij.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Eliot, T.S., Gerontion (oers. Haring Tjittes Piebenga), yn: Asyl, jiergong 2 (1965), maartnû., s. 46.
  • Eliot, T.S., Gerontion, Oppe Braekswâllen, Fjouwer Kwartetten (oers. Haring Tjittes Piebenga), Ljouwert, 1979 (Friese Pers Boekerij), sûnder ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.