Lit Us No Priizgje de Prymgetallen
Lit Us No Priizgje de Prymgetallen | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Let Us Now Praise Prime Numbers | |
auteur | Helen Spalding | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | gedicht | |
1e publikaasje | 1961, Londen | |
bondel | An Anthology of Modern Verse 1940-1960 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Lit Us No Priizgje de Prymgetallen | |
publikaasje | 1964, yn De Tsjerne | |
oersetter | Haring Tjittes Piebenga |
Lit Us No Priizgje de Prymgetallen, yn it oarspronklike Ingelsk: Let Us Now Praise Prime Numbers, is in gedicht besteande út fjouwer seisregelige kûpletten fan 'e Britske dichteresse en skriuwster Helen Spalding (1920-1991). It is fierwei har bekendste gedicht, en it waard yn 'e mande mei dichtwurk fan oaren publisearre yn 'e blomlêzing An Anthology of Modern Verse 1940-1960, dy't útjûn waard yn 1961. In Fryske oersetting fan 'e hân fan Haring Tjittes Piebenga ferskynde yn 1964.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt harren beskriuwing troch de Hellenistyske Aleksandrynske wiskundige Euklides, yn 'e trêde iuw f.Kr., hawwe prymgetallen (getallen dy't inkeld dield wurde kinne troch harsels en troch 1, lykas 2, 3, 5, 7, 11, 13, 17, 19, ensfh.) altiten in bysûndere fassinaasje foar wittenskippers hân, benammentlik om't se sa riedselich en ûnfoarsisber binne dat men noch hieltyd omdôch besiket harren distribúsje oer it siferstelsel yn patroanen en formules te fangen. Yn Lit Us No Priizgje de Prymgetallen lei Helen Spalding de measte eleminten fêst dy't wittenskippers sa boeie oan prymgetallen.
It earste kûplet fan it gedicht ferwiist nei de saneamde Haadstelling fan de Rekkenkunde, dêr't yn fêstlein is dat elts hiel getal boppe 0 en grutter as 1 itsij in prymgetal is, itsij opboud is út ûnderskate prymgetallen. Sadwaande kin men prymgetallen de fermannichfâldichbere boustiennen fan getallen neame, en dêrmei de boustiennen fan it hiele siferstelsel. Yn it twadde en trêde kûplet giet de dichteresse yn op hoe't prymgetallen har foardogge mank de "gewoane" getallen: yn it begjin kloftsje se gear as in wâld, mar "de middellange ôfstân tinnet harren út" en neigeraden dat de getallen grutter wurde, komme se almar minder foar. Lykwols besteane der in ûneinich soad prymgetallen, mei't der in ûneinich soad getallen besteane. It lêste kûplet hellet it ûnfermogen fan 'e wittenskip oan om prymgetallen yn in formule te fangen: "ferskynsels dy't net werom te bringen binne ta stelsel, rige, patroan of útlis."
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Let Us Now Praise Prime Numbers waard yn it Frysk oerset troch Haring Tjittes Piebenga, ûnder de titel Lit Us No Priizgje de Prymgetallen. Dy fertaling waard yn 1964 publisearre yn it tydskrift De Tsjerne.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|