De Tsjerne (tydskrift)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Tsjerne wie in frysk literêr moanneblêd, in fuortsetting fan De Rattelwacht, sûnt jannewaris 1946. It hie as doel om it Fryske literêre libben te ferbreedzjen, yn in bepaalde ûnôfhinklikheid fan de Fryske Beweging.

It ûntliende syn betsjutting oan de krityske funksje en oan de bûtengewoane nûmers, ek op it mêd fan bûtenlânske literatuer (J. Slauerhoff (1946), Fryske muzyk (1947), Bretagne (1948), Fedde Schurer (1948), Edgar Allen Poe (1949), Amearika (1950), Suriname (1952) en Obe Postma (1953). Yn 1955 ferskynde it Befrijingsnûmer, yn 1956 it tema Noarwegen.

De redaksje bestie út Jan Tjittes Piebenga (1946), Freark Dam, Eeltsje Boates Folkertsma, Fedde Schurer, Marten Sikkema en Douwe Tamminga. Der wiene ek bûtenlânske meiwurkers.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: